Tebeksetter provinsje: mei wetterbuizen net minder CO2-útstjit útdrûgjend fean

It ynbringen fan wetter yn feangreidelân helpt net om de CO2-útstjit te beheinen. Dat docht bliken nei ûndersyk by acht Fryske boeren, yn opdracht fan it provinsjale Feangreideprogramma.
Kop Bloksleatpolder by Broek © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Der is fjouwer jier ûndersyk dien troch Radboud Universiteit en Wageningen Environmental Resarch nei dizze ûnderwetterdrainaazje. It giet om yngroeven buizen mei gatsjes, dy't tusken in sleat en it boerelân rinne. As it te drûch is, kin der wetter fan de sleat nei it lân komme. En is it te wiet, dan kin it wetter fan it lân nei de sleat ta rinne.

Net minder CO2-útstjit

It hat dus bliken dien dat de CO2-útstjit net minder wurdt. Foar de lânbou wurdt feangrûn ûntwettere. Dat smyt in probleem op, want dêr komt in soad CO2 by frij. Dêrom lit de provinsje ûndersyk dwaan nei de bêste oanpak foar it beheinen fan dizze feanoksidaasje.

Gisse

De ûndersikers witte net krekt wêrom't der gjin fermindering fan CO2-útstjit is by de ûnderwetterdrainaazje. Mooglik wurdt it fean net wiet genôch of wurde troch it wetter út de sleat fiedingsstof en soerstof oanfierd dy't it oksidaasjeproses just aktivearje.
© Provinsje Fryslân
Se advisearje om de útkomsten fan in lanlik ûndersyk ôf te wachtsjen. De metoade dy't no brûkt is, is net presys genôch om ferskillen te mjitten.
In foardiel is wol dat it in goede metoade blykt om in tefolle oan wetter ôf te fieren. Sa kin 'natschade' beheind wurde.