Nederlânsk frouljusfuotbalteam ferslacht Yslân: 0-2

It Nederlânsk frouljusfuotbalteam, mei de Friezinnen Sisca Folkertsma en Sherida Spitse yn de basis, hat it WK-kwalifikaasjeduel tsjin Yslân mei 0-2 wûn.
© Orange Pictures
Nei 23 minuten kaam Nederlân op 0-1. Daniëlle van de Donk krige de bal yn it strafskopgebiet en skeat út de draai raak.

Spitse sjit njonken

Yn de 58ste minút krige Sherida Spitse in moaie kâns op 0-2. Har skot gie lykwols krekt njonken de goal.
Wêr't it Spitse net slagge om in doelpunt te meitsjen, slagge dat Jackie Groenen wol. Groenen skeat de bal fan grutte ôfstân yn de boppehoeke: 0-2.
It wie de earste oerwinning fan dizze WK-kwalifikaasjesyklus foar it Nederlânsk alvetal. Freed spile Nederlân mei 1-1 lyk tsjin Tsjechië