Klimaatsaakkundige Bouwe de Boer: "7 miljard net genôch foar heljen klimaatdoelen"

Duorsumensdeskundige Bouwe de Boer is posityf oer de klimaatplannen yn de troanrede, mar hy is ek kritysk: "Wy rûnen eartiids foarop mei it klimaat en yntusken stiet Nederlân hast ûnderoan op de Europeeske list."
Bouwe de Boer (links) op argyfbyld © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It demisjonêr kabinet lûkt it kommende jier 7 miljard euro út foar plannen om de klimaatferoaring te beheinen. "Ik tink no wol dat eltsenien wekker wurden is. 7 miljard is in protte jild en der gienen ek al miljarden hinne, dus eins is it folle mear as 7 miljard."

Werom op it âlde nivo

Dochs is De Boer ek kritysk: "It kabinet mei graach sjen litte dat se it sa goed dien hawwe it ôfrûne jier, mar dan ferjitte se wol dat it yn coronatiid wie. Minsken wurken thús en it ferkear lei plat. Yntusken sitte we wer op it âlde nivo."
Yn 2030 moat der yn ús lân 49 persint minder CO2 útstjitten wurde yn ferliking ta 1990. "Urgenda hat berekkene dat dat ek mei dy 7 miljard net slagget. Ik bin no al mear as 30 jier wurksum. Wy rûnen eartiids foarop mei it klimaat en yntusken stiet Nederlân hast ûnderoan op de Europeeske list, dus we moatte ús ek wol in lyts bytsje skamje."

Boarger derby belûke

"Ik fyn it wol moai dat der in protte jild nei de boargers ta giet", seit De Boer. "Asto dyn hûs isolearje wolst, dan is dêr subsydzje foar beskikber. Dat is foar in protte minsken hartstikke wichtich, want de enerzjyprizen stiigje hiel fluch."
De boargers wurde der op dizze wize by belutsen, en dat is goed, fynt De Boer. "It jout de mooglikheid om sjen te litten dat je meidogge oan it proses. Dat wurket benammen foar Fryslân hiel goed. Ik tink dat dit wol in posityf effekt hat."

Leare fan Portugal

De Boer is op dit stuit yn Portugal om ûndersyk te dwaan. Yn Portugal giet it al hiel goed. Neffens him kin Nederlân dan ek wat fan de Portugeeske oanpak opstekke. "Portugal hat sels gjin enerzjyboarnen. Sy moatte dus ynkeapje. Omdat dat hieltyd djoerder wurdt, is de 'drive' om it sels te produsearjen folle grutter. It kin dus wol."
Neffens De Boer is der in grut ferskil tusken de Nederlânske en de Portugeeske oanpak. "Yn Portugal docht it regear in protte en de boargers dogge eins net sa'n soad. Yn Nederlân is dat krekt oarsom. It is ynteressant om dy twa njonken inoar te lizzen. It regear kin, as dy der écht wat oan docht, in soad berikke. Mar asto it mei 17 miljoen minsken dwaan moast, dan giet it stadiger, mar fiele de minsken wol mear belutsenheid."
Bouwe de Boer oer de klimaatplannen