Hearrenfean spilet 'topper' tsjin Feyenoord: "Het wordt interessant"

21 sep 2021 - 18:33

Feyenoord tsjin sc Hearrenfean is op papier in topper: it is in wiere konfrontaasje tusken de nûmer fiif en de nûmer trije. Johnny Jansen: "Laten we het maar mooi zo benoemen, dat geeft ons ook een goed gevoel. "

Johnny Jansen oer de wedstriid tsjin Feyenoord

Beide ploegen hawwe 3 wedstriden wûn. Benammen de oerwinning fan de Rotterdammers op PSV (0-4) makke in soad yndruk.

Jansen: "Ze spelen met zoveel intensiteit, dat is een enorme kwaliteit van ze. Dat vind ik heel mooi om te zien. Maar we hebben de afgelopen twee dagen weer een plan uit de hoge hoed getoverd. Het gaat een heel interessante wedstrijd worden."

We moeten proberen het eerste kwartier te overleven.

Johnny Jansen oer de wedstriid tsjin Feyenoord

Jansen wol syn opstelling net priisjaan. Wol is it mar de fraach oft Rodney Kongolo by de seleksje sit. De middenfjilder is in grut twivelgefal. Rami Kaib is sawiesa net ynsetber, Jansen hopet dat de linkerferdigener der tsjin FC Twente wer by is.

De wedstriid is woansdeitejûn om 21.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportútstjoering by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

Hearrenfean hat de folle winst pakt tsjin de op papier lytstere ploegen. Sa waard der wûn fan Go Ahead Eagles (0-1), RKC Waalwijk (3-2) en Fortuna Sittard (1-0).

Jansen is benijd hoe't syn ploech him hâlde sil tsjin Feyenoord. "Feyenoord gaat waarschijnlijk met erg veel energie voetballen waarin wij moeten proberen het eerste kwartier te overleven. En als we op de been kunnen blijven, kunnen we dan net zolang meedoen dat er echt iets te halen valt?"

Pikefel

Sven van Beek hat 15 jier by Feyenoord fuotballe. Hy begûn by de D-kes en tekene yn 2013 syn earste profkontrakt by de Rotterdammers. As hy tinkt oan it klupliet "Hand in Hand Kameraden" krijt hy pikefel. Van Beek fielt him dan ek in echte Feyenoorder.

"Ik heb zowat mijn hele jeugd bij Feyenoord gespeeld. Misschien zal ik ook wel een klein beetje mee neuriën als ik het veld oploop. Het gebeurt natuurlijk niet vaak dat je terugkomt in de Kuip. Dat zijn altijd speciale momenten."

Sven van Beek oer syn Feyenoord-gefoel

Tsjin PSV spile Feyenoord mei Guus Til yn de punt fan de oanfal, mar Jansen ferwachtet dat tsjin Hearrenfean Bryan Linssen yn de spits stiet. "Ik verwacht tegen ons wel een andere spits. En dan hebben ze Dessers er natuurlijk ook nog rondlopen."

Noch ien doelpunt

Bryan Linssen is noch ien doelpunt fan syn hûndertste doelpunt yn de earedivyzje ô den -opmerklik detail- fan dizze 99 doelpunten makke hy der mar leafst 11 tsjin sc Hearrenfean. Sven van Beek: "Maar toen speelde ik nog niet bij Heerenveen, haha!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)