Tegelwiptaksy by tegelwipaksje yn Ljouwert: 'It giet net om it winnen, mar om it wippen'

Stêden moatte griener wurde om hjittestress en wetteroerlêst troch klimaatferoaring foar te kommen. De gemeente Ljouwert docht dêrom mei oan de tegelwipaksje.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De tegelwiptaksy hellet fergees stiennen of tegels op om Ljouwerters te stimulearjen stiennen te ferfangen troch planten. Guon minsken meitsje dêr gebrûk fan, wylst se it gewoan op 'e nij betegelje. Mar dêr is de tegelwiptaksy net foar ynset, seit projektlieder Klimaatoanpassing Diderick Niehof fan de gemeente Ljouwert.
"Het gaat er wel echt om dat je gaat vergroenen. Daarvoor willen wij ons steentje bijdragen door de stenen op te halen", seit Niehof. "We gaan daarbij uit van de goedheid van de mens."

'Heel Holland wipt'

Mei slogans as 'Heel Holland wipt' en 'it giet net om it winnen, mar om it wippen', klinkt it Nederlânsk Kampioenskip Tegelwippen hiel ludyk. Dochs is it boadskip serieus. Stêden moatte griener wurde om hjittestress en wetteroerlêst troch klimaatferoaring foar te kommen. Yn Ljouwert is foar de tegelwipaksje in tegelwiptaksy ynset, want de stêd dy't by it NK yn de top tsien begûn, stiet yntusken op plak 26.
Mar der binne mear plannen om de stêd griener te meitsjen, seit grienbehearder Nico Kelderhuis. "Op dit momint wurdt der in grienfisy makke foar de hiele binnenstêd. Dus we sjogge wêr is plak foar grien en wat foar grien moat dat dan wêze. Dan geane we ek yn petear mei de omwenners en ûndernimmers en oare belanghawwenden", seit Kelderhuis.

'Wandelend bos'

Takom jier moat der ek in 'wandelend bos' komme yn Ljouwert. De beammen 'kuierje' oant se in fêst plak krije.
It NK Tegelwippen rint noch goed in wike. Ljouwert sil net mear winne, sa is de ferwachting. Dat jildt ek foar de gemeente Hearrenfean (plak 41) en Smellingerlân (plak 33).
Ferslachjouwer Ronnie Porte seach by de tegelwipaksje