ChristenUnie Fryslân wol mear omtinken foar geweld tsjin froulju

21 sep 2021 - 11:02

ChristenUnie wol mear omtinken jaan oan it bestriden fan geweld tsjin froulju. De fraksje sil it kolleezje fan Deputearre Steaten freegje mei te dwaan mei de ynternasjonale kampanje 'Orange the World'.

Ljouwerter stêdhûs kleuret oranje - Foto: Kappers Media

Yn it ramt fan dizze kampanje moatte gebouwen oranje ferljochte wurde. Dizze kleur stiet dêryn symboal foar it earste deiljocht en it opkommen fan de sinne; "een hoopvolle, geweldloze toekomst voor meisjes en vrouwen", skriuwt de ChristenUnie.

Steatelid Lieuwe van der Pol fan de ChristenUnie: "Helaas zijn er signalen dat tijdens de coronacrisis het geweld tegen deze doelgroep toegenomen is. Daarom is het des te belangrijker dat de provincie laat zien dat zij de strijd tegen geweld tegen vrouwen steunt."

De partij docht it útstel woansdei by de steategearkomste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)