Wat stelt Prinsjesdei eins foar mei in demisjonêr kabinet?

21 sep 2021 - 07:53

De huodsjes binne wer út de kast lutsen, de troanrede leit klear en de begrutting sit yn it kofferke. It is wer Prinsjesdei. De dei dat it kabinet de begrutting foar folgjend jier oanbiedt. Mar it kabinet is demisjonêr en mei gjin grutte besluten nimme. Wat stelt Prinsjesdei dan eins foar?

Foto: ANP Foto

"Dit is zoals Rutte het volgens mij noemde een 'begroting light'", seit bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert. "Er moet nou eenmaal wel een begroting komen voor volgend jaar. Dus presenteert het demissionaire kabinet een begroting met minder grote politieke keuzes en dus minder grote financiële keuzes, dan wanneer het kabinet missionair zou zijn."

Fêste kosten

Neffens Osinga stiet in grut part fan de begrutting altyd al fêst. "Bijvoorbeeld alle kosten die te maken hebben met sociale zekerheid of ambtenarensalarissen", seit Osinga. It soe gean om likernôch trijekwart fan de totale begrutting, dy't al fêststiet.

Bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

"Op het andere deel liggen de politieke keuzes", leit er út. Dy wurde diskear dus net echt makke, mar Prinsjesdei soe Prinsjesdei net wêze as de plannen net al lekt wiene. "Dat is één van de tradities."

Dus wit Osinga te fertellen dat der wol wat aksinten lein binne. "Ik las iets van 1 miljard extra voor de woningmarkt. Maar de echt zware politiek dossiers zoals de stikstofcrisis, daarin worden naar verwachting geen grote keuzes gemaakt", seit Osinga.

Nije Twadde Keamer

It meast nijsgjirrige part, neffens Osinga, komt pas nei de presintaasje fan de plannen. Dan is de nije Twadde Keamer oan set. "Het is dus ook spannend om te zien hoe de Tweede Kamer zich gaat opstellen bij de algemene politieke beschouwingen en welke wijzigingen de nieuwe Kamer in de begroting door gaat voeren", seit Osinga.

"Er volgen in de komende weken, eigenlijk nog wel tot in december, allerlei discussies over deelbegrotingen. Bijvoorbeeld de begroting van onderwijs of van landbouw. Dat komt allemaal nog. Dus het zou best wel kunnen zijn dat de nieuwe Tweede Kamer meerderheden vindt om daar nog wat nieuwe dingen in te wijzigen."

Bestjoerskundige Rieks Osinga oer Prinsjesdei

(Advertinsje)
(Advertinsje)