Herman van Veen eksposearret beskildere pleksyglêsplaten yn Vijversburg

21 sep 2021 - 07:08

Dat hy hûnderttachtich cd's útbrocht hat en sa'n tachtich boeken, dat sil minsken net frjemd foarkomme. Mar dat Herman van Veen ek al sa'n fjouwerhûndert skilderijen makke hat, dat is minder bekend. Sûnt moandei hinget wurk fan him yn it paviljoen fan Vijversburg by Tytsjerk.

Herman van Veen oer syn eksposysje yn Vijversburg:

De eksposysje bestiet út beskildere platen fan pleksyglês dy't hy spesjaal makke hat foar Vijversburg en dy't yn de natuer fan it park passe. Van Veen is bekend mei Vijversburg, omdat artysten dy't hy stipet út syn organisaasje Harlekijn wei der alris spile hawwe.

"Ik heb de beelden gezien van dit paviljoen en ik dacht: het lijkt mij om in de hele mooie natuur de menselijke natuur te laten zien inzake kunst. En dat op glas. Want hier is alles glas. Het leek mij mooi om er iets tussen te zetten, in kleuren, in strakke patronen", seit Van Veen.

Ynspiraasje

De keunstner waard ynspirearre yn de coronatiid: "Je zou het ook een spatscherm kunnen noemen. Het is een proces geweest van de afgelopen twee jaar. Als ik iemand achter een scherm zag zitten in een winkel of restaurant, dacht ik: dat zou ook wel een vrolijker scherm kunnen zijn."

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Van Veen skilderet yntusken alwer 22 jier, mar hy neamt himsels noch altyd in 'jonge skilder'. "In dat opzicht kom ik net kijken. Ik denk dat ik inmiddels wel zo'n 300-400 doeken heb gemaakt. Die zwerven uit en verdwijnen de wereld in. Ze hangen in kerken, musea, galeries en theaters. Voor mij zijn het een soort sporen die je nalaat. Zoals met graffiti, dat doe ik eigenlijk op mijn manier ook. Ik maak graag dingen voor een locatie", seit Van Veen.

'Tútsje yn de omjouwing'

Oer de tentoanstelling yn it 'skitterjende park' bliuwt Van Veen beskieden. "Dat ik daar een toefje kleur in aan heb mogen brengen is ontzettend leuk. That's it. Het is niet wereldschokkend, het is een kusje in een omgeving", sa seit de keunstner.

De eksposysje Transparanten H fan Herman van Veen is oant en mei 21 desimber te sjen yn it paviljoen.

Ferslachjouwer Ronnie Porte prate mei Herman van Veen

(Advertinsje)
(Advertinsje)