Aksje foar sebrapaad by Drachster soarchsintrum: "Tryst dat we hjir stean moatte"

21 sep 2021 - 06:23

Mei in sebrapaad fan doek fregen aksjefierders moandeitejûn omtinken foar de feilichheid op de Boargemaster Wuitewei yn Drachten. In soad âlderen stekke de drokke dyk oer fan de Serviceflat nei it soarchsintrum en der leit gjin sebrapaad.

Aksjefierders plakke sebrapaad fan tekstyl op de Boargemaster Wuitewei yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De Eerste Lokale Partij (ELP) organisearre de aksje, omdat se fine dat it kolleezje fan Smellingerlân it fierstente lang útstelt.

"Ik fyn it tryst dat wy hjir no stean moatte, om't it fan 2017 al yn de begrutting stie. Ik tink: kolleezje, wat binne jimme no oan it dwaan? Wy wolle dochs feiligens foar ús ynwenners?", seit ELP-foaroanman Yntze de Vries.

"In soad bewenners hawwe de partner oan de oare kant fan de dyk. Der wenje in soad âldere minsken dy't nei Sûnenz ta geane foar deibesteging. Dêr moatte sy feilich nei ta kinne, no is it gefaarlik", fynt De Vries.

'Heel gevaarlijk'

Frou Maandag, dy't sels yn 'e buert wennet en yn in rolstoel sit, befêstiget it gefaar. "Ik steek iedere dag over. Maar het is heel gevaarlijk. Ik ben altijd trots op de chauffeurs van de bussen: zij zijn de enigen die je over laten steken. Het gewone volk rijdt gewoon door", seit de âldere frou.

"Twee jaar geleden zou er al een zebrapad moeten komen. Nu is het geld natuurlijk al lang op. Maar we doen er niets aan. Ik denk niet dat deze actie helpt."

Sels útfiere

De Vries is yntusken hast safier dat er sels de beurs lûke wol. "As twa ferkearsbuorden 79 euro kostje en in blik ferve foar in sebrapaad 125 euro kostet, dan wolle wy de kosten noch wol drage en it sels noch wol útfiere. Want dat kin dochs wrachtich net in reden wêze om it net út te fieren", seit De Vries.

Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de aksje

(Advertinsje)
(Advertinsje)