Kwealik belangstelling foar bypraatsesjes NAM yn Ternaard, mar wol soargen

21 sep 2021 - 00:08

Foar de twa bypraatsesjes oer de gaswinningsplannen fan de NAM yn Ternaard wie moandei kwealik belangstelling. By de fysike gearkomsten yn doarpshûs Tunawerth wie úteinlik mar in hantsjefol doarpsbewenners oanwêzich.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Guon fan har uteren dêr wol har soargen oer wat gaswinning betsjutte kinne soe foar harren huzen, mar ek foar de omjouwing en it Waadgebiet.

Meiwurkers fan de NAM en bestjoerder Ruud Cino fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat hearden de ferhalen oan. Sy binne derfan oertsjûge, dat as de NAM de fergunning krijt om by Ternaard nei gas te boarjen, der gjin skea ûntstiet.

Guon doarpsbewenners twivelen dêr moandei bot oan. Sy fine it wrang dat de NAM en it ministearje de plannen trochsette wolle, nettsjinsteande alle beswieren fanút de omjouwing en de polityk.

"Allegear al besletten"

"Der wurdt in protte oer de minsken hjir praat, mar der wurdt net mei harren praat", tinkt Eelco Duurken fan doarpsbelang Ternaard. "De minsken ha it idee dat it allegear al besletten is, en dat se net tsjin de grutte reus op kinne." Datselde tinkt ek syn kollega Hendrik Talsma fan de wurkgroep gaswinning. "Dêrom wie der hjoed mar sa'n lyts protsje minsken, se tinke dat it allegear dochs wol trochgiet."

Eelco Duurken fan doarpsbelang en Hendrik Talsma fan de wurkgroep yn Ternaard

Doarpsbelang Ternaard wie ferline wike moandei bot teloarsteld nei it boadskip fan minister Stef Blok, dy't yn Ternaard fertelde dat hy de fergunning oan de NAM net wegerje kin. Mooglik komt der dochs noch in iepening, no't in mearderheid fan de Twadde Keamer moandei ynstimd hat mei nij en ûnôfhinklik juridysk advys oer gaswinning yn de Waadsee.

Tiisdei yn Wierum

Ek tiisdei organisearret de NAM noch twa bypraatsesjes; dy wurde yn it doarpshûs fan Wierum hâlden. De NAM woe moandeitejûn sels net reagearje op de gearkomsten.

Trefwurden: 
gaswinning Ternaard NAM
(Advertinsje)
(Advertinsje)