Gemeente Weststellingwerf komt mei in gniisgasferbod

20 sep 2021 - 22:00

Weststellingwerf komt mei in ferbod op gniisgas. It wurdt regele yn de Algemene Plaatselijke Verordening, dat binne wetjouwende regels op gemeentlik nivo.

Ballon mei gniisgas - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Gemeente Weststellingwerf is dwaande om de APV wer aktueel te meitsjen en fynt dit it momint om it brûken fan gniisgas oan bannen te lizzen. Yn de APV is in artikel opnommen oer gniisgas.

Sels regelje

Earder wie it kabinet fan doel om gniisgas lanlik op te nimmen yn de Opiumwet, mar it demisjonêre kabinet hat dêr de hannen ôf lutsen. Dêrom hat it kolleezje fan Weststellingwerf besletten it sels mar te regeljen. "Het is niet ideaal, maar we kunnen het wel doen", sa sei boargemaster André van de Nadort.

Trefwurden: 
Weststellingwerf gniisgas APV
(Advertinsje)
(Advertinsje)