Grou wol mear wenromte: Pleatslik Belang yn ferwar tsjin 'postsegelpolityk'

Pleatslik Belang Grou makket him soargen oer de nijbouplannen yn it sintrum fan it doarp. In grut tal hierwenten wurdt sloopt om romte te meitsjen foar nijbou.
Grou wol mear wenromte: Pleatslik Belang yn ferwar tsjin 'postsegelpolityk'
De plannen sitte neffens Pleatslik Belang de wettersport yn it paad en boppedat komme der minder huzen as dat der no binne.
Benammen it feit dat der minder wenten komme is in grut probleem, want der binne no al amper wenningen te finen yn Grou en omkriten.
"Wy soene graach meiprate wolle oer it tal wenten: bygelyks heechbou yn stee fan leechbou", seit foarsitter Janke Sietsma fan Pleatslik Belang. "It bouwen fan nije wenten moat keppele wurde oan de fraach dy't der nei is. Dat is no net sa."
Janke Sietsma fan Pleatslik Belang Grou © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Sietsma hat ek noed oer de ynfrastruktuer en it parkearjen yn Grou. "Der wurdt wol parkeargelegenheid oanlein, mar de fraach is oft der net better op boud wurde kin. It slimste wat der barre kin is dat der ferkearde karren makke wurde foar de kommende fyftich jier."

Gearhing

It meast wichtige fynt sy dat de ynwenners fan Grou ek in stim hawwe moatte. "Grou moat meiprate kinne oer de takomst. No wurdt der 'postsegelpolityk' tapast. Der wurdt hieltyd in probleem oplost op in bepaald plakje, mar it hat gjin gearhing mei-inoar. Wy moatte de problemen mei-inoar sa goed as mooglik oanpakke."
Ferslachjouwer Lennard Jan Geerts mei foarsitter Janke Sietsma fan Pleatselik Belang