Aldeholtpea lûkt mei gemeente op om it doarp natuerfreonlik te meitsjen

20 sep 2021 - 20:28

Ynwenners fan Aldeholtpea lûke mei de gemeente Weststellingwerf op om it doarp griener te meitsjen. In spesjale grienkommisje hat dêrfoar in plan presintearre. De gemeente hopet dat de iepenbiere romte yn Aldeholtpea oantrekliker en natuerfreonliker wurdt.

De presintaasje fan de plannen - Foto: Gemeente Weststellingwerf

Op tsien lokaasjes yn it doarp moat it bioferskaat grutter wurde. Dat wol Aldeholtpea dwaan troch bygelyks blommen yn te siedzjen en fruitbeammen te plantsjen, mar ek troch nêstkastkes op te hingjen. Yn gearwurking mei Weststellingwerf wurde de earste plannen noch dit jier útfierd.

De kommisje wurket yn it projekt Dorp, landschap en biodiversiteit. De plannen waarden presintearre troch Leo Westenbroek en Peter de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)