Kolleezje De Fryske Marren set yn op multyfunksjoneel sintrum yn Balk

20 sep 2021 - 19:55

It soe mooglik wêze moatte om in multyfunksjoneel sintrum te bouwen op it plak fan sporthal De Trime yn Balk. Dat makket gemeente De Fryske Marren bekend nei in ûndersyk nei it ferlet fan romte en fasiliteiten by ferieningen.

Sporthal De Trime yn Balk - Foto: Google Street View

Yn Balk wurdt al jierren socht nei in nij plak foar sport en kultuer. De gymseal oan de Herman Gorterstrjitte is ferâldere, sporthal De Trime hat ferlet fan mear romte en sealesintrum De Treemter is net mear takomstbestindich.

Wurkgroepen

In multyfunksjoneel sintrum soe dus in oplossing wêze, sa skriuwt de gemeente. Hoe't dy der krekt út sjen moat en hoe grut it sintrum wurde moat, sil noch betocht wurde moatte. Twa wurkgroepen mei minsken fan de sport- en kultuerferieningen wurkje de kommende tiid de plannen fierder út, yn gearwurking mei de gemeente en yn oerlis mei omwenners.

It kolleezje freget oan de gemeenteried om 245.000 euro beskikber te stellen foar de tarieding foar in multyfunksjoneel sintrum yn Balk. It kolleezje hopet it ûnderwerp op 27 oktober yn de ried te behanneljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)