Optrede op in dak yn it Ljouwerter sintrum: "Noem het positief activisme"

Optrede op it dak omdat gewoan optrede net mear giet. The Beatles diene it yn 1969 om't sy te populêr wurden wiene foar in gewoan poadium. Mar dit wykein diene Fryske artysten it op in dak yn it sintrum fan Ljouwert.
Sjoch hjir nei bylden fan it optreden:
It wie opset troch LF2028 (it ferfolch op Kulturele Haadstêd 2018) en waard livestreamd op ynternet. It gie om in inisjatyf om de kulturele sektor op te moedigjen. Want gewoan optrede is troch it coronafirus foar in soad artysten net te dwaan.

Posityf aktivisme

"We merkten dat veel mensen thuis zitten en we wilden hen graag een podium bieden om te werken, achter de schermen maar ook voor de schermen. En we wilden laten zien wat er kan. Noem het positief activisme", sa seit Jort Klarenbeek fan de organisaasje.
Mei de stream wiene de muzikanten fan Abdomen en Amarens de Boer te sjen. Sy spilen harren eigen nûmers, mar ek in eigen ferzje fan it nûmer Get Back fan The Beatles, as in lytse knypeach nei it ferline.
Jort Klarenbeek fan de organisaasje