D66 en PvdA hawwe noed oer it ferduorsumjen fan Fryske kantoaren

20 sep 2021 - 18:35

De provinsjale fraksjes fan D66 en PvdA meitsje har soargjen oer de ferduorsuming fan kantoargebouwen yn Fryslân. Fan 2023 ôf moatte dy gebouwen op syn minst enerzjylabel C hawwe, oars meie sy neffens it Boubeslút net mear as kantoar brûkt wurde.

Foto: Shutterstock.com (Andrey_Popov)

In lytse 70 persint fan de kantoaren soe noch net oan de betingsten foar enerzjylabel C foldwaan. Foar mear as de helte fan de pannen is der noch hielendal net in label oanfrege. Der leit dus noch in grutte opjefte foar in koarte tiid.

Bedriuwslibben helpe

D66 en PvdA hawwe noed oer de problematyk en wolle fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte wat sy dwaan kinne soene om it bedriuwslibben te helpen. De partijen jouwe oan it ferduorsumjen wol wichtich te finen. De fraksjes wolle konkreet ynsette op enerzjycoaches en -adviseurs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)