Dwaalgast op Simenssân: in walrus waarnommen by Skiermûntseach

20 sep 2021 - 19:39

By de sânplaat Simenssân njonken Skiermûntseach is in walrus waarnommen. Dat is in bysûndere fynst, want walrussen libje meastentiids op driuwiis yn de poalsee.

De walrus by Skiermûntseach - Foto: Wageningen University

It giet om in froutsje dat earder al by Denemarken en Dútslân sjoen is. De waarnimming fan de kolos is dien troch Ralf van Hal, ûndersiker by Wageningen University. Van Hal ferklearret tsjin Omrop Fryslân dat er net fuortendaalks yn de gaten hie dat it sa'n bysûndere fynst is. Van Hal wie wol foar ûndersyk op it Waad foar Wageningen Marine Research, mar hy wit mear fan fisken ôf.

Op foto's is te sjen dat de walrus rêstich njonken it wetter leit op de sânplaat. Simenssân leit eastlik fan Skiermûntseach. Der lizze faak ek seehûnen op de plaat.

Seldsume fynst

Der binne ferskate populaasjes fan walrussen op de wrâld, bygelyks boppe Skandinavië en by Grienlân. Mar yn de praktyk ferlitte walrussen it poalgebiet noait. Sy kinne wol lange ôfstannen swimme. Wêrom't guon walrussen sa fier súdlik ôfsakje is net bekend. It soe wêze kinne dat sy op syk binne nei iten of it paad bjuster binne troch it lûd fan skippen.

Yn 1981 en 1998 by It Amelân

It bart dus net faak, mar somtiden komt it foar. Sa is der yn 1981 in walrus by It Amelân oantroffen. Dizze walrus wie deawurch en om't de kondysje fan it bist minder waard, is de walrus oerbrocht nei seehûnesintrum Pieterburen.

Mei in beurtfeartskip is de walrus nei Holwert brocht, om dêrnei mei in frachtwein nei Pieterburen te gean. Der moast in hyskraan oan te pas komme om de walrus fan 700 kilo der út te heljen. Nei in moanne is de walrus by Helgoland werom yn de Noardsee set.

Yn jannewaris 1998 waard der opnij in walrus by It Amelân sjoen, in mantsje fan in jier as seis âld. Dizze is by Hollum fongen, ek yn Pieterburen ûnderbrocht en úteinlik is er werom swommen nei it noarden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)