Deputearre jout ôftraap Fryske Ynsprekwike foar tûke apparaten

20 sep 2021 - 16:12

In kompjûter dy't dy ferstiet ast Frysk praat. Of in berjochtsje diktearje foar dyn e-mail yn it Frysk en de tekst ferskynt yn byld. Dat kin no al foar it Nederlânsk, mar noch net foar it Frysk. En dêrom is der in ynsprekaksje.

Deputearre Poepjes efter de laptop - Foto: Omrop Fryslân

Sa'n 95 persint fan de ynwenners fan Fryslân ferstiet Frysk. Sa'n 70 persint praat it en 60 persint kin it ek skriuwe. Yn de takomst moatte tûke apparaten en apps ek Frysk ferstean en prate kinne. Der komme hieltyd mear tûke masinen dy't mei de stim te betsjinjen binne. Tink mar oan soarchrobots, telefyzjes en apps.

Dy apparaten moatte ek yn de eigen Fryske taal tagonklik wêze en dêrfoar ropt Omrop Fryslân de help yn fan it publyk. Dizze wike is der in aksje en ynspekkers kinne in smart speaker winne.

Gjin werom, mar tebek

Deputearre Sietske Poepjes is ien fan de ambassadeurs fan de Fryske Ynsprekwike. Se is moandei te gast by Omrop Fryslân foar de ôftraap fan de aksjewike.

Se is wol bekend mei de Frysktalige ferzje fan de webbrowser fan Mozilla: Firefox. "Wurdst der hiel geef fan, want der stiet bygelyks 'tebek' foar werom."

It is de taal fan myn Sietske-wêzen en tagelyk ek in profesjonele wurktaal.

Deputearre Sietske Poepjes

De deputearre fynt dizze ynsprekwike wichtich omdat it sjen lit dat it Frysk in serieuze, profesjonele wurktaal is. Net inkeld in taal foar achter de foardoar of foar op feestjes. Se docht alles yn it Frysk. "It is de taal fan myn Sietske-wêzen", seit se.

Dat it Frysk ek yn profesjoneel fermidden brûkt wurde kin, hat Poepjes okkerdeis sjen litten yn de Twadde Keamer. By it debat oer de stroomkabel troch Skiermûntseach hat se ek wat yn it Frysk sein.

Skomkofje

Har wurkplak, it Provinsjehûs yn Ljouwert, is tige Frysk. Sa is yn de kofjeautomaten 'skomkofje' en 'sûkelarje' te krijen. En de lift seit yn it Frysk op hokker ferdjipping er oankaam is.

De gasten op it Provinsjehûs fine it moai, mar dochs binne dêrbûten ek altyd minsken dy't it Frysk net ferstean of net ferstean wolle. Poepjes: "Dan sis ik altyd: it Frysk sit tusken Dútsk en Ingelsk yn. It is gjin Súd-Koreäansk. Mei in bytsje goede wil is it wol te ferstean. "

Deputearre Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

Underwilens stiet de deputearre klear om it ynsprekhokje by Omrop Fryslân yn te gean. "It liket wol in stimhokje. Wêr is it reade poatlead?", grapjaget se.

Thús meidwaan

Se sprekt fiif sinnen yn. Minsken kinne it thús ek dwaan op de kompjûter. "En sprek yn sa't jimme oars ek prate", seit de deputearre. Dus komme jo fan de Klaai, út de Súdwesthoeke of út de Wâlden? Gewoan it normale praat oanhâlde.

Hoe wurket it?

Meidwaan kin op de eigen kompjûter, tablet of smartphone.

  1. Gean nei: voice.mozilla.frl
  2. Klik op de mikrofoan ûnder de tekst 'Sprekke. Donearje jo stim.'
  3. Sprek de sinnen yn. Do kinst it eventueel werom harkje foardatst it ynstjoerst. Klik op de knop 'Yntsjinje'.
  4. Ast leaver net sels ynsprekst, kinst ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik dan op de griene ôfspylknop ûnder de tekst 'Harkje. Help ús stimmen te falidearjen'.


Hoe kinst de tûke speaker winne?

Minsken dy't mear as fyftich sinnen ynsprutsen hawwe, meitsje kâns op in tûke speaker. Stjoer ús as bewiis fan it ynsprekken in foto fan de skoare ta oer de Omrop-app (boppe-yn njonken it kopke 'oer ús' en ek op it 'dashboerd').

Mear witte? Sjoch op: www.omropfryslan.nl/aksje

Trefwurden: 
Frysk Mozilla ynsprekwike
(Advertinsje)
(Advertinsje)