Milan van Ewijk giet foar 'Dumfries-rûte': "Maar wel op eigen manier"

It liket Milan van Ewijk wol wat: deselde rûte gean dy't Denzel Dumfries ek ôflein hat. Fan de amateurs nei in lytse klup yn de earedivyzje, om dan fia sc Hearrenfean nei in topklup yn Nederlân te gean. Dêrnei is in grutte kompetysje yn it bûtenlân it einstasjon.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Dat fertelt de rjochterferdigener fan de Feansters yn de SportCast fan Omrop Fryslân. "Ik wil de Dumfries-route bewandelen, maar op mijn eigen manier. Ik ben een andere speler dan Dumfries. Hij is meer een getrainde machine. Ik denk dat ik wat meer een speler die wat meer souplesse heeft en het meer voetballend wil oplossen."
Lykas Dumfries gie Van Ewijk fan de amateurs nei de earedivyzje (Dumfries nei Sparta, Van Ewijk nei ADO) en fan dêrút makken beiden de stap nei Hearrenfean. Dumfries spilet nei in oantal jier by PSV no yn de Serie A by Internazionale.
We zijn er druk mee bezig om te kijken wat het probleem kan zijn.
Milan van Ewijk oer de drege twadde helten fan sc Hearrenfean
Hearrenfean is goed út de startblokken kaam. Nei fiif wedstriden hawwe de Feansters tsien punten. Dêrmei steane sy op it tredde plak yn de earedivyzje. "Het gaat zeker goed", fertelt Van Ewijk.

Ferfal yn de twadde helte

Ien ding moat de klup him noch wol yn ferbetterje: it ferfal yn de twadde helte is faak grut. Dêr is de seleksje him bewust fan, seit de rjochterferdigener fan sc Hearrenfean: "Ik heb zelf nog geen oplossing gevonden hoe het kan dat we in de tweede helft minder spelen. We zijn er druk mee bezig om te kijken wat het probleem kan zijn."

Cambuur nayf?

Nei de 9-0 nederlaach fan Cambuur tsjin Ajax waard trainer Henk de Jong troch lanlike media ferwiten nayf te wêzen. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen sjocht dat oars. "Hy docht der wol alles oan om de ferdigening ticht te krijen."
Henk de Jong © Orange Pictures
Sportferslachjouwer Andor Faber follet oan: "Cambuur begjint yn 4-3-3, sa as altyd. Fan it skoft ôf spilen se 5-3-2. Yn dy lêste tsien minuten wiksele Henk de Jong sels sa dat it 5-4-1 stie. Foarkomme dat Ajax de tsien helje soe, wie it doel."

Skamje

Neffens sportferslachjouwer Roelof de Vries moatte de Ljouwerters harren wol skamje. "Kom op, 9-0. Dan moatte je mei de sturt tusken de fuotten it stadion ferlitte."
Faber: "Dat hawwe se ek dien. Fansels, se binne it 'lachertje' fan de earedivyzje. Mar je moatte je pas soargen meitsje as it struktureel is."