RIVM: 84 nije coronabesmettingen yn Fryslân

20 sep 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 84 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der tolve minder as snein, doe waarden 96 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 108 besmettingen meld yn Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnommen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 1.370. Snein lei dat sifer noch op 1.679 besmettingen.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)