Rint de bou fan it nije Cambuurstadion wer fertraging op?

20 sep 2021 - 13:15

Rint de bou fan it nije Cambuurstadion fertraging op? Dy fraach komt nei boppen no't ûntwikkeler Van Wijnen de deadline foar de oanfraach fan de omjouwingsfergunning net helle hat.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar leit út:

Foto: Omrop Fryslân

Hoe sit it no krekt?

"Dy fergunning hast nedich ast wat bouwe wolst. Yn dit gefal it nije Cambuurstadion. Dy deadline stie op 15 septimber en is dus net helle. Dy deadline wie yn dy sin wichtich foar Van Wijnen, om't de gemeente in liening fan 14 miljoen euro jout oan Van Wijnen foar de bou fan it stadion fan de Ljouwerter fuotbalklup. Fjirtich prosint dêrfan soe frijkomme nei de fergunningsoanfraach."

Is it stadion no dan letter klear?

"Nee, foarearst net. Roelof Faber fan Van Wijnen seit dat se de fergunningsoanfraach healwei oktober dwaan wolle. It wie altyd de bedoeling om yn jannewaris fan 2022 te begjinnen mei de bou, dat is ek de ôfspraak mei ROC Friese Poort, dy't in grut part fan it stadion brûke sil as skoalle. De oplevering fan it stadion leit dan op skema foar medio 2023, sa jout Faber oan."

Wêrom is de deadline foar dy fergunningsoanfraach net helle?

"Van Wijnen seit dat se noch yn petear binne mei ûnder oare Cambuur oer besunigings by de bou. It ôfrûne jier binne de prizen fan boumateriaal enoarm tanaam. Dat betsjut dat de boukosten fan it nije stadion ek heger wurden binne. Om dat te kompensearjen binne Cambuur en Van Wijnen wykliks yn petear om te sjen wat der feroare wurde kin oan de bou om kosten te besparjen."

Wat betsjut dat foar Cambuur en it nije stadion?

"Direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur seit dat foar de klup twa dingen wichtich binne. De funksjonaliteit fan it stadion en hoe't it derút komt te sjen. Dêr wol de klup yn prinsipe gjin oanpassings oan dwaan, seit Van den Belt. Mar as it giet om de bou fan it kasko, as Van Wijnen dêr wat fine kin, is dat fierder gjin probleem. Dus gjin oare flier yn de klaaikeamers, mar hoe't it der ûnder dy flier útsjocht is dan wer minder wichtich.

Van den Belt seit der ek by dat it net perfoarst negatyf út hoecht te pakken. Sa woe Cambuur earst in rûn stadion bouwe, mar wiene supporters dêrop tsjin. Dat idee is doe ôfsketten en dêr wie ek de ûntwikkeler bliid mei. Want rûn bouwe is dreger en djoerder as in fjouwerkant stadion."

Van Wijnen ferraste elkenien troch in pear wike lyn yn de rjochtbank te sizzen dat it stadion spylklear wêze kin yn septimber 2022. Is dat net hiel rap?

"Ja, dat is wol hiel rap. Neffens Van Wijnen kin it, mar dat soe betsjutte dat je bygelyks de bou fan de tribunes en it fjild foarrang jouwe op de rest. Dus spylklear yn septimber 2022 betsjut fuotbalje yn in stadion yn oanbou. Van den Belt hat dat alris meimakke by PEC Zwolle, dêr't ek in nij stadion boud waard, fertelde hy.

Neffens him hat it net de foarkar fan Cambuur om foar dizze opsje te kiezen, mar dat der neat definityf is. It soe kinne seit hy, omdat je bygelyks de supporters út it hjoeddeistige stadion kwyt kinne op de Oost- en Westtribune fan it nije stadion. Dus dan moat dat part fan it stadion earder boud wurde. Mar dêrby leit it folle mear foar de hân dat je kieze foar noch ien lêste seizoen oan it Cambuurplein."

Arjen Bosselaar leit út

(Advertinsje)
(Advertinsje)