140 baantsjes swimme foar Maarten van der Weijden-stichting

Maarten van der Weijden wie ôfrûne wykein yn Fryslân om sjeks yn ûntfangst te nimmen. Under oare yn Dokkum en Wolvegea wiene swimaksjes foar syn stichting foar kankerûndersyk.
Maarten van der Weijden yn swimbad Wolvegea © Lenus van der Broek
Yn beide plakken waarden ferline wike swimwedstriden en -aktiviteiten hâlden. Yn Dokkum is 1000 euro ophelle foar Van der Weijden syn stichting en yn Wolvegea 650 euro. Van der Weijden hat de ôfrûne dagen by tritich 'zwemvierdaagsen' del west op de fyts.
Yn Dokkum wiene der wat minder swimmers as oars, sadat elk it oan tiid hie om minimaal tsien baantsjes te swimmen. Guon fanatikelingen swommen wol 140 baantsjes.
Maarten van der Weijden kaam oan yn Dokkum op it Fryske fyts © RTV/NOF
De opbringst fan de swimaksjes foar de Maarten van der Weijden-stichting kin de kommende dagen noch groeie.