'Pearels' yn de stêd bliuwe yn nije edysje Frysk Strjitfestival

De 40ste edysje fan it Frysk Strjitfestival yn Ljouwert hie it ôfrûne wykein grutte kloften minsken nei de Fryske haadstêd lûke moatten. Echte drokte wie der net, fanwegen de oanpaste coronafoarm.
Optreden fan Amer & Africa mei Envá by Tresoar © Marc de Fotograaf / Visit Leeuwarden
Komme der gewoanwei 50.000 besikers, no wienen dat likernôch 7.000.
"Deze editie was anders, maar zeker leuk", seit Natasja Kesteloo, dy't tefreden weromsjocht op it fjouwer dagen duorjende festival. "Het waren stralende dagen."
Se koenen it festival organisearje omdat se fan it begjin ôf oan altyd de oardel meter oanhâlden ha. "Dus we hadden afgebakende ruimtes met stoelen op afstand en verkoop via tickets."

Gjin spontaan teäter op strjitte

Troch dy coronamaatregels wie it dit jier net in feest mei in soad minsken op strjitte en strjitteäter op strjitte. "Dat hebben we wel gemist, want straattheater moet je spontaan op straat tegenkomen, maar daardoor konden we wel spelen." De organisaasje krige in soad betankjes fan besikers.
Op tal fan plakken yn de Fryske haadstêd wienen yntime spylplakken makke. "Met hooibalen bijvoorbeeld. En er was een voorstelling in de binnentuin van de Fryske Akademy, daar kom je anders nooit."

Pearels yn de stêd

Sa'n pearel wie der ek by de Grutte Tsjerke. "Op het grasveld bij het Jacobijnerkerkhof hebben we een intiem festivalterrein gemaakt. Dat is wel een blijvertje voor volgend jaar."
Op it dak fan parkeargaraazje De Klanderij wie in foarstelling en ek yn de tún fan it Sint Antoon-gasthûs. "Daar was een muziekoptreden in feeërieke sfeer, waarbij ook bewoners waren."
Se hopet takom jier wer op in gewoan festival mei in soad minsken. "Want straattheater hoort op straat."
Ferslachjouwer Willem Vemeltfoort praat mei Natasja Kesteloo