Verbeek: Mei 9-0 ferlieze sil de kommende tiid folle faker foarkomme

20 sep 2021 - 11:50

It sil de kommende tiid hieltyd faker foarkomme dat fuotbalploegen mei grutte sifers winne of ferlieze. Dat seit Gertjan Verbeek neidat Cambuur dit wykein mei 9-0 fan Ajax ferlear.

Gertjan Verbeek - Foto: ANP

Verbeek wie jierrenlang trainer by sc Hearrenfean. Dy ploech hat ek in kear de 9-0 op it skoareboerd hân, mar dat wie yn it foardiel fan de Friezen, yn it eigen Abe Lenstra Stadion. Mei Alfonso Alves hat Hearrenfean Heraces Almelo doe ôfdrûge.

Sjoch hjir nei in gearfetting fan dy histoaryske wedstriid:

"Zo'n wedstrijd vergeet je niet zomaar", seit Verbeek dêr no oer. De wedstriid fan Cambuur hat er net folslein sjoen, mar wol yn gearfetting. It ferlies wie ferwachte. De Ljouwerters hoege harsels gjin ferwiten te meitsjen, seit er. "Ajax was gewoon veel beter."

Verbeek is no trainer fan Almere City. Syn ploech spile dit wykein ek tsjin Ajax: Jong Ajax te witten. De útslach wie 2-4 yn it foardiel fan Jong Ajax. "We hebben kansloos verloren", sei Verbeek.

As trainer kin Verbeek wol genietsje fan it goede spul, ek al ferliest syn klup. "Het enige wat je moet doen, is ervan leren", sei er tsjin syn spilers. Dat is dêr't se úteinlik allegearre hinne wolle.

De rijken worden rijker en de armen worden armer.

Gertjan Verbeek

Ferlies of winst mei grutte sifers hat te krijen mei jild, seit Verbeek. "De begroting van Ajax is twintig keer zo hoog als die van Cambuur. Dat is een trend die we overal zien. In de maatschappij, maar ook in het voetbal. De rijken worden rijker en de armen worden armer. Het verschil tussen de top en de rest wordt steeds groter."

Verbeek ferwachtet dêrom dat grutte útslaggen, lykas de 9-0 fan dit wykein, hieltyd faker foarkomme sille. "De ploegen met een kleiner budget strijden straks alleen nog maar voor een plek onder de top drie."

Cambuur ferlear dit wykein mei 9-0 fan Ajax - Foto: Orange Pictures
(Advertinsje)
(Advertinsje)