NAM komt nei Wierum en Ternaard om gaswinningsplan ta te ljochtsjen

20 sep 2021 - 07:33

De NAM komt dizze moandei en tiisdei nei Ternaard en Wierum om te praten oer it gas dat it bedriuw ûnder de Waadsee wei winne wol. Ynwenners, steatefraksjes en miljeuferieningen binne poer op dat plan tsjin.

Demonstraasje tsjin gaswinning yn Ternaard - Foto: Omrop Fryslân

Se binne benaud foar de gefolgen en ha al ferskate aksjes hâlden. Demisjonêr minister Stef Blok, dy't de fergunning foar de gaswinning jûn hat, kaam ferline wike ek nei Ternaard om deroer te praten. Mar dy petearen ha net folle hoop jûn. Ek tsjin de Twadde Keamer hat er sein dat it trochgean moat en dat it beslút dêroer net útsteld hoecht te wurden.

"It is teloarstellend hoe't de gong fan saken oant no ta rûn is", seit Geertje Schoorstra, foarsitter fan doarpsbelang Ternaard. Neffens har is de sfear yn it doarp wol wat berêstend nei de besite fan de minister. "Mar we ha ús der noch net by dellein dat it net mear te kearen is. De proseduere rint noch en salang't dy rint, sette we ús derfoar yn om gaswinning te kearen. Minsken ha it gefoel dat it toch wol trochgiet, mar we sette troch en binne dwaande om goede sjenswizen yn te tsjinjen."

Monitoring fan de huzen

Underwilens binne se ek yn petear mei de NAM oer de betingsten. "Dat as de gaswinning trochgiet, dat we dy der sa goed mooglik út krije. Dat we witte wat der bart as de gaswinning trochgiet. Komt der in goede monitoring fan ús wenningen? We wolle dat de gefolgen sa lyts mooglik bliuwe en dat der dus goede ôfspraken komme."

Dat is ek it doel fan de byienkomsten mei de NAM. "Se jouwe ynformaasje oer dy monitoring. En oer wat mei ús wenningen bart, wêr't we omtinke moatte en wêr't de mjitpunten komme." Se ropt de ynwenners op om te kommen om har ynformearje te litten oer dy betingsten en wat se derfan fine.

Geertje Schoorstra

Trefwurden: 
gaswinning Ternaard NAM
(Advertinsje)
(Advertinsje)