Slagge edysje fan Onbeperkte Elfstedentocht; dream fan 500 dielnimmers

20 sep 2021 - 06:54

De Onbeperkte Elfstedentocht kin útgroeie ta in evenemint foar hûnderten minsken mei in beheining. Dit jier diene hûndert minsken mei oan de twadde edysje fan de alvestêdetocht.

De Onbeperkte Elfstedentocht sit der wer op:

De rûte wurdt ôflein yn fiif dagen. Snein kamen de dielnimmers oer de streek yn it sintrum fan Ljouwert.

Niels Krijnen fan de organisaasje sjocht tefreden werom. "Het was een geweldige dag, iedereen kwam met een glimlach binnen. Iedereen was blij mee en we hadden er steeds ook mooi weer bij."

Finish fan de Onbeperkte Elfstedentocht - Foto: Omrop Fryslân, Dieuwke Kroese

Nei de earste edysje mei 35 dielnimmers dienen dit jier 100 minsken mei. Neffens Krijnen kin it evenemint noch wol fierder groeie. "Dat kan en moet groter, en qua organisatie lukt dat ook wel, al zullen we dan wel naar zaken als wegafsluitingen moeten gaan kijken."

500 dielnimmers is in dream

Ek it finen fan dielnimmers wurdt gjin probleem. "Ik spreek zoveel mensen die bij de finish zeggen dat ze nog andere mensen kennen die dit ook moeten meemaken. Er zijn ook nog stichtingen en organisaties waarmee we nog contact willen zoeken. Als we volgend jaar weer keer drie gaan, kom je uit op 300 deelnemers. Een droom is 500."

Finish fan de Onbeperkte Elfstedentocht - Foto: Omrop Fryslân, Dieuwke Kroese

Kop omheech en trochsette

Ek al wie it gjin wedstriid, der komt altyd ien as earste oer de finish. En dat wie Jacob mei syn handbike. "Eins is it in 'kniebike', ik leun op de knibbels en kin sa mear krêft op de trapers sette." Hy is bliid dat er binnen is. "Ik hie it net tocht, it wie wol in poepetoer hear, mar dat is echt in oerwinning. Ik tocht in pear kear 'dit wurdt him net' en dan toch mar wer kop omheech en trochsette. Dat is it belangrykste."

Alle dielnimmers krije in alvestêdekrúske. "Ja, prachtich. Dy komt yn in listje yn de keamer te hingjen."

Niels Krijnen fan de organisaasje en dielnimmer Jacob

(Advertinsje)
(Advertinsje)