Wrâldkampioen oan de start by profronde Surhústerfean

19 sep 2021 - 21:43

Direkt neidat hurdfytser Filippo Ganna wrâldkampioen tiidriden waard, hat er tasein dat er komt nei de profronde fan Surhústerfean. It is de earste 'grutte fisk' dy't de organisaasje fêstlein hat.

Fillippo Ganna nei de winst op it WK - Foto: ANP

It kontakt mei Ganna wie al earder lein, seit Erik Jager fan de profronde. Ganna wie foarich jier ek al wrâldkampioen tiidriden wurden.

"Normaalwei sitte we mei de profronde flak nei de Tour de France, mar dit jier is dat oars. Dêrom moasten wy ús ek op oare hurdfytsers rjochtsje."

De profronde wurdt ferriden op 2 oktober. It sil it ôfskied wurde fan Pieter Weening. "It is de grutste hurdfyser dy't Fryslân oait hân hat", seit Jager. "We ha him frege hoe't er ôfskied nimme wol. En Pieter wol fytse. Dus hy nimt it aanst op tsjin de wrâldkampioen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)