Laila van der Meer (21) út Grou sânde op EK silen yn 'fleanende catamaran'

19 sep 2021 - 20:56

Laila van der Meer fan Grou is sânde wurden op it Europeesk kampioenskip yn de olympyske klasse Nacra17. Van der Meer (21) sylt yn dy boat tegearre mei Bjarne Brouwer (18) út Giethoorn.

Laila van der Meer en Bjarne Bouwer - Foto: TeamNL

It EK wie in striid oer 15 races. Van der Meer en Brouwer binne trije kear as twadde einige.

Van der Meer en Brouwer hiene har dit jier net pleatst foar de Spelen yn Tokio. Se rjochtsje alles op Parys 2024.

Fleane oer it wetter

Yn de Nacra17-klasse sile de teams op catamarans dy't, as der genôch wyn is, út it wetter omheech komme. Se binne 5.25 meter lang. Dat is goed 17 foet. Dêr komt de namme wei.

De teams besteane út ien man en ien frou. It is de earste olympyske sylklasse dêr't mannen en froulju tegearre op sile. Yn it Nederlânske team is Van der Meer de stjoerfrou, wylst Brouwer de touwen yn hannen hat.

World Sailing TV makke in útlisfideo oer de Nacra17. Dêryn ek antwurd op de fraach wa't stjoere moat: de man of de frou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)