Dylan Drent bêste keatser fan it jier nei tredde priis yn Ljouwert

19 sep 2021 - 18:17

It partoer fan Peter van Zuiden, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hat yn Ljouwert de lêste keatswedstriid fan it jier wûn. Dylan Drent pakte it punteklassemint. Hy is de bêste keatser fan it jier.

Dylan Drent is de bêste keatser - Foto: Martin de Jong

Drent is de earste Harnzer sûnt 1967 dy't it punteklassemint wint. Hy wie foar de wedstriid al sa goed as wis fan de winst. Allinne Marten Bergsma koe noch op likense hichte komme.

Mei de winst yn Ljouwert is Erwin Zijlstra tredde wurden yn it punteklassemint. Zijlstra-en-dy wûnen de finale fan Remmelt Bouma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten mei 5-5 en 6-0 troch in sitbal fan Van Zuiden.

De tredde priis wie foar it partoer fan Dylan Drent, Willem Heeringa en André van Dellen. Van Dellen starte yn in oar partoer, mar kaam yn de heale finale by Drent en Heeringa yn it perk, trochdat Auke Boomsma blessearre rekke.

Erwin Zijlstra is kening wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)