Scheepstra wint mei Jansma en Oosterbaan lêste keatswedstriid fan it seizoen

It partoer fan Manon Scheepstra, Inge Jansma en Iris Oosterbaan hat yn Ljouwert de lêste keatswedstriid fan it jier wûn. Foar Jansma en Oosterbaan wie it de earste kear dat se yn de haadklasse de winnerskrâns om krigen.
Manon Scheepstra is bêste keatser © Martin de Jong
Scheepstra-en-dy wûnen de finale fan de Aldehoupartij yn Ljouwert mei 5-4 en 6-2 fan Annet de Haan, Anne Monfils en Marrit Zeinstra. De tredde priis wie foar it partoer fan Roelie Kroondijk, Margriet Bakker en Harmke Siegersma.
Foar Bakker en Siegersma wie it it slot fan in karriêre. Yn totaal stiene fiif keatsers snein foar it lêst yn it perk. Njonken Bakker en Siegersma wiene dat Martzen Deinum, Klasine Huistra en Jildou Sweering.
Scheepstra wûn it punteklassemint, en op de ivige list is se klommen nei it fjirde plak. Se hat no 481 punten. Afke Hylkema stiet earste yn dat klassemint, mei 811 punten.