RIVM: 96 nije coronabesmettingen yn Fryslân

19 sep 2021 - 15:20

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 96 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne minder as sneon, doe waarden 115 besmettingen meld.

Foto: ANP

Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike alle dagen 115 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 120, in wike lyn op 134.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne twa Friezen opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân en Hearrenfean.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)