IC-baas: Problemen by spoedeaskjende help bliuwe foarearst

"Voorlopig zijn we nog niet af van de tijdelijke sluitingen van SEH's (Spoedeisende Hulp) bij ziekenhuizen." Dat sei Peter van der Voort fan Boksum, yntinsivist by sikehûs UMCG en senator foar D66. Hy wie snein te gast yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
Peter van der Voort © ANP
Dizze wike waard bekend dat it Regionaal Overleg Acute Zorg (ROAZ) noed hat oer de tanimmende drokte by de ôfdielingen foar spoedeaskjende help fan de noardlike sikehuzen. Koartlyn wiene der 'grutte kapasiteitsproblemen', doe't meardere ôfdielingen tydlik ticht moasten.

Tydlike slutingen

Somtiden docht bliken dat sikehuzen it nedich fine om in 'time-out' yn te setten: dat betsjut dat de spoedeaskjende help meardere oeren ticht moat. Der is in soad ekstra drokte troch corona, mar just krapte oan meiwurkers.
"Het is goed om te weten dat die time-outs al jaren plaats vinden, maar het gebeurt nu wel frequenter. Het maakt duidelijk hoe de zorg onder druk staat. De hele zorgvraag neemt steeds verder toe, maar de capaciteit van o.a. de acute zorg is beperkt. Dat gaat dus knellen", seit Van der Voort.

Spanning tusken fraach en oanbod

Neffens him komt der sawiesa mear spanning tusken de soarchfraach en it oanbod. "Om de hoge zorgkosten te beperken moet het aanbod wel gelimiteerd worden. De zorg gebruikt nu al bijna honderd miljard van wat we met elkaar verdienen. Dat kun je niet maar laten doorgroeien als er ook zoveel andere zaken zijn, die we als land moeten aanpakken", sa stelde it D66-Earste Keamerlid.

Minder burokrasy, mear lean

FNP-Steatelid Rein van der Wal fynt dat der mear jild nei de soarch moat, benammen nei de personielssalarissen. Hy wiisde dêrby op in FNV-ûndersyk wêr út blykt dat 20 persint fan it soarchpersoniel driget fuort te rinnen. "Dus mear jild foar ferkleechkundigen, mear opliedings- en staazjeplakken en minder burokrasy".

Teststrjitwurk

Femke Wiersma fan de Boer Burger Beweging fynt it nuver dat in soad ferpleechkundigen no wurkje by de teststrjitten. "Der wurdt hielendal ynset op Nederlân as testmaatschappij. Hâld dêr gau mei op sa't dy minsken wer beskiber komme op de plakken dêr't sy echt nedich binne."