Troch corona rinne mear minsken fêst yn rou: poly biedt help

Minsken dy't har neisten ferlern hawwe yn de coronaperioade, hawwe in gruttere kâns om fêst te rinnen yn it rouproses. As je gjin ôfskied nimme kinne, hat dat ynfloed op de ferwurking.
Jos de Keijser oer hoe't it brein wurket:
As it ferlies net goed ferwurke wurde kin, bliuwt it romte ynnimmen yn it wurkûnthâld en is der minder plak om bygelyks noch te betinken wat je jûns ite sille. Minsken rinne dan fêst yn har deistich libben.

Ofskied nimme is wichtich

Ofskied nimme is hiel belangryk as ien komt te ferstjerren. Jos de Keijser is klinysk psycholooch, psychoterapeut en bysûnder heechlearaar oan Rijksuniversiteit Groningen, mei as spesjalisme komplekse rou.
Ut ûndersyk docht bliken dat minsken dy't neisten ferlern hawwe yn of troch corona mear rouklachten ûnderfine. Foaral om't sy faak gjin ôfskied nimme koene of om't sy meardere minsken ferlern hawwe. Gewoanwei is it 10 persint dy't fêstrint yn rou, mar by coronaferliezen is dat 20 persint.

Komplekse rou

It ferlies fan meardere minsken tagelyk, ferlies troch geweld of in slim ûngelok, it net goed hechten wêze yn je jeugd: it kinne faktoaren wêze dy't derfoar soargje dat rou oergiet yn komplekse rou.
Gryt Nicolay © Omrop Fryslân
Gryt Nicolay ferlear fjouwer jier lyn har man Renze. Hy wie hertpasjint. Nei in harsenynfarkt en refalidaasje wisten sy dat it net lang mear duorje soe. Hy kaam thús en sy koe mei har soan en har dochter goed ôfskied nimme.
Dy iene sin, dy hearde ik dan de hiele nacht.
Gryt Nicolay
Twa dagen foar de útfeart kaam har soan, Johannes, hommels te ferstjerren. Dy iene sin, "Johannes is dea", bleau mar yn de holle sitten. Nachts koe sy der net mear fan sliepe. Sy krige fysike klachten.
Lang om let socht sy help by de húsdokter, dy ferwiisde har troch nei de roupoly fan GGZ Friesland.
Jos de Keijser oer it lêste boadskip dy't in stjerrende faak noch hat:
De roupoly bestiet sûnt juny 2020. Yn in jier wurde sa'n 50 minsken behannele. Ek jout de poly oare kollega's stipe of advys by behanneling.
Jos de Keijser kin minsken helpe troch EMDR (Eye Movement Desensitization and Reprocessing). It hat frou Nicolay holpen om de sin "Johannes is dea" út har wurkûnthâld te krijen, sadat sy der net mear alle nachten fan wekker leit.

Ferskillend rouwe

De Keijser fertelt dat hy op de poly ek sjocht dat minsken fêstrinne om't se ferskillend rouwe. Dat is hiel normaal, dat elk it op syn eigen wize docht. Hy hat ek ûndersyk dien by âlden dy't har bern ferlieze. Froulju wolle faker har ferhaal diele, manlju sjogge oer it algemien mear nei de takomst. Dat eltsenien itselde fiele moat, is in misferstân.
It fertriet kostet in soad enerzjy, ek dat is normaal. Eins is rouwe in deitaak dy't der by komt, seit er. It hat allegear tiid nedich. Rûchwei wurdt sein dat it in jier duorret, mar ek dat kin foar elts persoan wer oars wêze.
As je der nei in jier noch min sliepe, konsintraasjeproblemen hawwe en gjin belangstelling foar oare minsken opbringe kinne, dan wurdt rou komplekse rou.

Ferpleats je libbensdoelen

As minsken lilk bliuwe, kinne se rou fêsthâlde. Of as sy skuldgefoelens hawwe, bygelyks as de neiste troch selsdeading om it libben kaam is.
Gryt Nicolay oer hoe't sy no ynfolling jout oan har libben:
De Keijser sjocht ek dat minsken mar prakkesearjen bliuwe kinne oer wat se oars dwaan kinnen hiene. Hy wit ek dat minsken dy't de meast ferskriklike saken meimeitsje der dochs ek wer yn slagje kinne om bygelyks te genietsjen fan har túntsje. "Sadder but wiser." Je kinne net werom nei hoe't it wie, mar je kinne wol je libbensdoelen ferpleatse.

Treast yn it meitsjen fan bylden

Frou Nicolay sil har ek nea wer sa fiele kinne as doe't har soan Johannes der noch wie. It giet op en del mei har. Se fynt treast yn it meitsjen fan bylden. De hiele coronaperioade fûn sy dreech om't sy amper kontakt hawwe koe mei oaren, wylst just dat kontakt, dat praten deroer, har sa helpt.
© Omrop Fryslân
Op de roupoly helpe sy minsken dy't troch corona gjin ôfskied nimme koenen troch it betinken fan in oar ôfskiedsritueel. Oer it algemien wol De Keijser sizze dat it helpt om goed foar dysels te soargjen, te bewegen en yn in struktuer te bliuwen. Sykje nei sinjouwing. Fan allinne thús op de bank sitten giet it net flugger foarby.
Yn it programma Fan binnenút is fan moandei 20 septimber mear te sjen oer komplekse rou. It komt om 17.15 oere by Omrop Fryslân op telefyzje (en de hiele jûn elts healoere yn de werhelling).
"Ik hoor ook zo vaak dat de omgeving zo stil blijft." It soe in ferskil meitsje kinne as dy omjouwing gewoan freget en harket. En as it dan echt net giet, sykje dan help fia de húsdokter. Der binne minsken dy't helpe kinne. Rouwe moat ien sels dwaan, mar op de poly kinne se minsken wol helpe troch in triuwke te jaan, sadat sy sels wer fierder kinne.