Spoarbrêge Ljouwert 'lijkt herstelbaar', mar bliuwt wiken ticht

19 sep 2021 - 13:00

It liket derop dat de silinder fan in spoarbrêge dy't al in skoft stikken is, wer makke wurde kin. Dat meldt spoarbehearder ProRail. De brêge oer it Van Harinxmakanaal bliuwt nei alle gedachten noch wol wiken ticht.

Foto: CAMJO media

As der in nije silinder besteld en levere wurde moat, soe it noch folle langer duorje kinne foardat de brêge wer iepen kin foar it skipfeartferkear, seit in wurdfierder fan ProRail.

"We maken een herstelplan en hopen hiermee dat we de duur van de hinder voor de scheepvaart zoveel mogelijk kunnen beperken", meldt de organisaasje op twitter.

Gjin treinen

ProRail hat snein de defekte silinder ûnder de HRMK-spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert wei helle. Sûnt begjin septimber docht de brêge it net mear, dêrtroch kin de skipfeart der net del.

Fanwegen it wurk rieden der sneintemoarn gjin treinen tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Yn de nacht fan sneon op snein is de lêste trein oer de spoarbrêge gien, dêrnei is ProRail fuortendaalks úteinset mei it fuortheljen fan de hefsilinder dy't de brêge draaie moat. Mei in kraan moast in part fan de silinder út it brêgedek tild wurde.

Defekt

ProRail wit net krekt wêr't it defekt oan leit, dêrom moat de fiif ton swiere silinder der út helle wurde. Dy silinder wurdt nei Snits ta brocht foar in ynspeksje. It opknappen fan de spoarbrêge duorret op syn minst trije wiken, mar it soe neffens ProRail ek moannen duorje kinne.

Aldert Baas fan ProRail

Foto: CAMJO media

Skippersferiening Schuttevaer en it Centraal Overleg Vaarwegen pleitsje foar in akwadukt. Grutte kontenerskippen moatte op dit stuit omfarre fia Harns, mar om't dy feart minder djip is kin der ek minder lading meinommen wurde. It kostet de wike tsientallen tûzenen euro's.

De organisaasjes hawwe in brânbrief oan ProRail en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat skreaun.

Grutte ferliezen: pleit foar akwadukt

Gemeente Ljouwert en provinsje Fryslân lobbye yn Den Haag foar in akwadukt, mar de kâns dêrop is mei in demisjonêr kabinet lyts.

(Advertinsje)
(Advertinsje)