Wetterskip set ynkoarten útein mei it útbaggerjen fan de Lemster Rien

19 sep 2021 - 08:45

Tusken De Lemmer en Eastersee wurdt moandei in baggerdepot oanlein. Dat wurd dien om't Wetterskip Fryslân de Lemster Rien fan healwei oktober ôf útbaggeret. It giet om de feart dy't tusken De Lemmer en de Tsjûkemar rint, njonken de A6.

De Lemster Rien njonken de sneldyk - Foto: Google Street View

Troch it djipper meitsjen fan de Lemster Rien kin wetter yn de takomst better fuortstreame. Ek ferbetteret de wetterkwaliteit, wat wer goed foar de natuer is.

It giet om in lingte fan sa'n 4,5 kilometer. Mei driuwende liedingen wurdt de bagger nei it depot brocht. It baggerdepot is sa'n fiif bunder grut. Mei de ôfgroeven grûun wurdt in dykje om it depot hinne makke. Yn totaal kostet it wurk 248.000 euro.

Ein dit jier klear

Dizze wike is de feart al hekkele. Ein dit jier moat it klear wêze. De bagger dy't frijkomt, wurdt yndrûge en úteinlik mei gers ynsiedde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)