Henk de Jong nei 9-0 nederlaach: "Ik lit myn jonges net falle"

18 sep 2021 - 23:51

Mei 9-0 ferlieze is net leuk, dat wit no ek SC Cambuur. Trainer Henk de Jong lit syn ploech lykwols net falle. "As Ajax ien kear rint, dan is it foar ús net te hâlden. Tongersdei steane we der wer."

Henk de Jong: "Sy wiene gewoan fierstente en fierstente goed"

De Jong fynt it ferlies hiel ferfelend, mar is ek realistysk: "De kâns wie 99,9% persint dat we hjir ferlieze soenen. Dit is it ferskil tusken Ajax yn topfoarm en Cambuur as it net rint."

Ajax is dan ek net in ploech dêr't Cambuur fan winne moat. "Wy binne mar hiel gewoan. Wy moatte it tsjin oare ploegen dwaan. It doelsaldo is wol fuort no. Dêr moatte we wat oan dwaan."

Tongersdei spilet Cambuur tsjin Heracles. De Jong wol dan revâns nimme. "Ik ha nocht oan tongersdei. Us supporters moatte ús goed helpe, want dit is wa't wy binne. We krije noch wolris in dikke klap, mar klear dit wie wol in hiele dikke."

Hoedemakers: "Doe maar niet 10-0"

Middenfjilder Mees Hoedemakers seach de iene nei de oare bal fan Ajax deryn fleanen. "Op een gegeven moment denk je wel: doe maar niet 10-0. Dat wil je voorkomen natuurlijk. Ze waren dichtbij, maar gelukkig is het niet gebeurd."

Mees Hoedemakers: "Wat is ons overkomen?"

Neffens Hoedemakers wie de sfear yn de klaaikeamer nei it ferlies net al te bêst. "Je zit er een beetje verslagen bij in de kleedkamer, zo van: wat is ons overkomen? Maar ja, we moeten door. We weten dat Ajax een heel goede ploeg is. Het is gewoon zoals het is."

Neffens de middenfjilder sit der mar ien ding op: "We moeten hier lering uit trekken en weer doorgaan."

Jhondly van der Meer: "Het klinkt als een droom"

Haïtiaansk international Jhondly van der Meer mocht in helte meidwaan tsjin Ajax. Nettsjinsteande it romme ferlies wie Van der Meer dêrmei tefreden. "Het klinkt bijna als een droom. Ik ben blij met de minuten die ik gemaakt heb."

Jhondly van der Meer: "Wij kunnen de knop omzetten"

Van der Meer hopet de nederlaach fluch ferjitte te kinnen: "Het is gebeurd. Ik denk dat het belangrijk is om nu te focussen op donderdag."

Neffens him is it ek gjin skande dat Cambuur ferlear fan Ajax. "We wisten dat het moeilijk zou worden. We probeerden wel te voetballen, maar op een gegeven moment merk je dat je achter komt, want de kwaliteit bij Ajax is gewoon enorm."

(Advertinsje)
(Advertinsje)