Fytster (37) ferstoarn nei slim ûngelok mei taksybus yn De Harkema

18 sep 2021 - 23:14

By in ûngelok op de Warmoltsstrjitte op 'e Harkema is sneontejûn in fytster om it libben kaam. It giet om in 37-jierrige frou fan Surhústerfean. Dat meldt de plysje. It ûngelok mei in taksybus barde om ûngefear 22.10 oere.

Foto: Noordernieuws

Ferskate helptsjinsten kamen te plak om help te ferlienen, mar foar de frou kaam help al te let.

De plysje docht op it stuit ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De dyk is hjirtroch ôfsletten.

Trefwurden: 
ûngelok Harkema
(Advertinsje)
(Advertinsje)