Ajax fermoarzelet Cambuur mei 9-0: grutste nederlaach ea yn earedivyzje

SC Cambuur hat sneontejûn mei grutte sifers ferlern fan Ajax. De Amsterdammers wiene yn de Johan Cruijff Arena mei mar leafst 9-0 te sterk. Dêrmei wie it de grutste nederlaach fan de Ljouwerters ea yn de earedivyzje.
Cambuurspiler Michael Breij baalt, wylst Ajax in doelpunt fiert © Orange Pictures
Yn de begjinfaze wie Cambuur bytiden wolris driigjend tsjin de regearjend lânskampioen. Nei goed in kertier liet Ajax lykwols sjen dat it oer in protte kwaliteit beskikt.
Earst makke Jurriën Timber nei in knappe oanfal 1-0. Trije minuten letter skoarde Steven Berghuis nei in ynstudearre hoekskop de 2-0.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Tol, Bangura; Jacobs, Hoedemakers, Maulun; Breij, Boere en Kallon
Cambuur besocht it dêrnei wol, mar de oermacht fan Ajax wie fierstente grut. Nei in lyts healoere waard it 3-0. Noussair Mazraoui helle út, Calvin Mac-Intosch feroare de bal fan rjochting en sa rôle de bal oer de line.
Dêrmei wie de gifbeker noch lang net leech. Yn de 38ste minút joech Dusan Tadic de bal foar op David Neres. De Braziliaan makke mei in heale omhaal de 4-0.

Telramt

Yn de twadde helte like Ajax it wat rêstiger oan te dwaan, mar dat hold nei in kertier alwer op. Dusan Tadic koe doe út de 'kluts' de 5-0 op syn namme skriuwe. Ynfaller en simmeroanwinst Mohamed Daramy makke der fjouwer minuten letter 6-0 fan.
© Orange Pictures
Dat wie spitigernôch foar Cambuur noch net de einstân. Sébastien Haller sette himsels op it skoareboerd troch in skot fan Lisandro Martinez fan rjochting te feroarjen. Syn ferfanger Danilo tekene dêrnei yn de 76e minút nei in foarset fan David Neres foar de 8-0.
Ajax gie dêrnei op oantrúnjen fan it publyk op syk nei de dûbelde sifers. Dat slagge úteinlik net. Mar Neres bepaalde de einstân yn de 84e minút op oanjaan fan Daramy noch wol op 9-0.

Njoggende plak

Nettsjinsteande de grutte nederlaach stiet Cambuur mei seis punten út fiif wedstriden op it njoggende plak yn de earedivyzje. Nije wike tongersdei stiet foar de Ljouwerters de folgjende wedstriid op it programma: in thúsduel tsjin Heracles Almelo.