Oane Galama: "De Hollanners binne net better, se ljeppe allinnich fierder"

18 sep 2021 - 20:44

Op it fjirde plak wie Oane Galama sneontemiddei de bêste Fries by de manlju. By de junioaren en de jonges gie de titel ek nei in Hollanner. Neffens Galama binne de Hollanners lykwols net perfoarst better. "Absolút net. Se sprongen hjoed fierder, dat is in bettere benadering", seit Galama.

Dat der trije Hollanners foar him op it poadium stiene docht Galama dan ek net safolle. "It is net in striid tusken Hollanners en Friezen. It is in striid om wa't it fierste springt", seit Galama.

"We moatte it ek in bytsje yn ferhâlding pleatse. Sy springe dit jier mear as tweintich wedstriden. Wy de helte. Dan is it ek logysk dat se wat mear rûtine hawwe en makliker ta fiere sprongen komme. Sa realistysk moatte je wêze. Ik wit it is in ekskús, mar takom jier geane we der fol foar. We hawwe der no al nocht oan", seit Galama, dy't op it FK ek al fjirde waard.

Degradearre

By de froulju en de famkes wie der wol Frysk sukses. Nei in folslein Fryske finale pakte Marrit van der Wal de titel. "Dat is fansels wol fantastysk. Nei sa'n seizoen", seit de ljepster fan It Heidenskip.

Dêrmei doelt Van der Wal ûnder mear op dat se earder dit seizoen fanneed degradearre nei de twadde klasse om't se ferhuze is nei Eindhoven en dêrtroch net oan alle wedstriden meidwaan koe.

"Ik ha foar mysels doe echt sein: ik sil der mear fan genietsje. Ik spring echt foar mysels. Ik moat dit wolle. Ik hie der hjoed echt sin yn. Dat haw ik earder net altyd hân. Dat docht safolle mei dy. Dan kinne je gewoan fan elke sprong genietsje. Oft it no in goede of minne sprong is, dat makket dan net safolle út. Dat wurket", seit Van der Wal.

Net ferwachte

Hanneke Westert fan Snits wie de bêste by de famkes. Dat kaam foar har wol in bytsje as in ferrassing. "Ofrûne wedstriden mei it FK en de wedstriden dêrfoar glied ik hieltyd wat fuort by de ynsprong. Dêr baalde ik bêst wol fan. Tongersdei hie ik hjir traind en doe gie it bêst wol goed. Dêrtroch wie ik ek minder senuweftich. Miskien hat dat ek wol holpen", seit Westert.

Mei 16,23 wie se by de froulju op it twadde plak einige, mar der sit neffens har noch wol mear yn. "Ik tink dat it miskien noch wol in bytsje fierder kin. Ik wit it net. Miskien folgjend jier in Nederlânsk rekôr foar de famkes", sa seit Westert.

Trefwurden: 
fierljeppen NK fierljeppen
(Advertinsje)
(Advertinsje)