In plak dêr't bern harsels wêze kinne: Jonge Helden yn Ljouwert

18 sep 2021 - 20:14

In plak foar jongerein om te dreamen, te fantasearjen en har sels te ûntdekken sûnder dat der druk op sit. Dat is wat it projekt Jonge Helden yn Ljouwert berikke wol.

It projekt is sneontemiddei offisjeel iepene troch boargemaster Buma fan Ljouwert:

It projekt Jonge Helden rjochtet him op bern yn twa groepen. De groep fan 10 oant en mei 13 jier wurdt benammen yn de wiken opsocht. De oare groep, fan 14 oant en mei 18 jier, kin te plak yn de DOAS. Dat binne kreative briedplakken.

Projektlieder Sabine de Jong fan Kunstkade is entûsjast: "Wat we berikke wolle is dat de jeugd hjir wat docht, dat se oan de slach gean. Mar miskien noch wol belangriker is dat se inoar moetsje. Dat koe lang net fanwege corona, mar kin hjir wol."

Frijheid

De jeugd kriget alle frijheid om him dêr te ûntploaien. Mar, sa seit Sabine de Jong, der binne fansels wol grinzen. "Der is foar de jeugd in soad te dwaan op it mêd fan sport. Mar net as it giet om kultuer. Dit soarte fan strjitkultuer."

Hip jeugdwurk

"It is eins in hippe foarm fan jeugdwurk", seit Jesler van der Vlugt. Hy is ien fan de koördinatoaren yn de DOAS. Van der Vlugt is bliid te sjen dat der safolle belangstelling foar is. "De bern bliuwe kommen. It is foar har dus net in ienmalich dinkje dus dat is moai."

(Advertinsje)
(Advertinsje)