Hearrenfean hâldt stân yn slotfaze en wint fan Fortuna Sittard

18 sep 2021 - 18:29

SC Hearrenfean hat sneon de tredde oerwinning fan it seizoen pakt. Thús tsjin Fortuna Sittard waard it 1-0.

Henk Veerman makke de 1-0 mei syn holle - Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean hie al fluch in foarsprong te pakken. Henk Veerman kopte in hoekskop fan Joey Veerman yn de goal: 1-0. Efkes letter wie Henk Veerman wer tichteby in doelpunt, mar no kopte hy njonken.

Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg; Madsen, Halilovic, J. Veerman; Nygren, H. Veerman en De Jong.

Nei in sterke iepeningsfaze sakke it nivo en der wienen hast gjin kânsen. Duarte besocht it foar Fortuna, mar seach dat Erwin Mulder syn skot keare koe. Krekt foar it skoft skeat Joey Veerman yn it sydnet.

Kânsen op 2-0

Nei it skoft krige Hearrenfean fia Benjamin Nygren en Lucas Woudenberg in pear goede kânsen om de skoare út te wreidzjen. Sy slaggen der lykwols net yn om Fortuna-doelman Yanick van Osch te passearjen.

De grutste kâns wie foar Tibor Halilovic. De Kroäat skeat in foarset fan debutant Anthony Musaba fan tichteby tsjin Van Osch oan.

Johnny Jansen besiket syn ploech by te stjoeren - Foto: Orange Pictures

Yn de slotfaze sette Fortuna alles op alles om de lykmakker te meitsjen. Mei opportunistysk spul kamen der ek kânsen foar ûnder mear Seuntjens en Baghdadi, mar de bal gie der net yn. Sa luts Hearrenfean de trije punten oer de streek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)