Marrit van der Wal hâldt mei titel Fryske eare heech op NK fierljeppen

Mei in sprong fan 16,31 meter hat Marrit van der Wal fan It Heidenskip sneontemiddei it NK fierljeppen yn Burgum wûn. By de manlju helle gjinien Fries it poadium. Wouter van Midden fan Vlist wûn dy kategory. Yn de foarronde kaam er ta in sprong fan 21,42 meter. Dêr kaam de konkurrinsje yn de finale net mear oerhinne.
De winnende sprongen op it NK fierljeppen:
De nûmers ien en twa fan ferline jier, respektyflik Rian Baas fan Utrecht en Ysbrand Galama fan Warkum, hellen de finale net. Ysbrand sette mei syn earste sprong 17,10 del en sprong dêrnei twa kear wiet. Baas rûn mei 20,04 de finale op sân sintimeter mis.
Nard Brandsma, de Frysk kampioen fan dit jier, helle de finale ek net. Hy sprong trije kear wiet.

Finale

De seis finalisten, wêrûnder de twa Friezen Oane Galama fan Hilaard en Sytse Bokma fan Hylpen, kamen yn de finale net mear oan de ôfstân fan 21,42 meter dy't Van Midden yn de foarronde al delset hie.
Jaco de Groot fan Kamerik waard twadde mei 21,03 meter. It tredde plak gie mei 20,90 meter nei Erwin Timmerarends fan Bodegraven.

Froulju

De frouljusfinale wie mei Van der Wal, Sigrid Bokma fan Hylpen en Pytrix Westra fan Burgum folslein Frysk. Bokma, dy't ferline jier de titel pakte, kaam yn de finale mei 16,22 meter noch wol yn de buert fan de winnende sprong fan 16,31 meter fan Van der Wal. Dat levere har úteinlik it twadde plak op. Westra waard mei 15,64 meter tredde.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Junioaren

It like derop dat Rutger Haanstra fan It Heidenskip der mei de titel by de junioaren fantroch gean soe. Hy sette yn de foarronde in nij Frysk rekôr fan 20,53 meter del. Yn de alderlêste finalesprong gie Reinier Overbeek fan Benschop dêr mei 21,22 meter lykwols noch oerhinne.
Wisse Broekstra fan Tsjummearum waard mei 19,92 meter tredde.

Jonges en famkes

De titel by de jonges gie nei in folslein Hollânske finale nei Roy Velis fan Benschop mei 19,33 meter. Twadde waard Karsten Klarenbeek fan Vlist mei 18,38 meter en Rick Cazant fan Kockengen waard mei 17,95 meter tredde.
By de famkes wie Hanneke Westert fan Snits sneontemiddei de bêste mei 16,23 meter. Dêrmei sprong se fierder as Suzanne Mulder fan Vlist (15,40) en Inger Haanstra fan It Heidenskip (14,49).
It kampioenskip is hjirûnder yntegraal werom te sjen: