115 nije coronabesmettingen registrearre yn Fryslân

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 115 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne sân mear as freed, doe waarden 108 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike alle dagen 120 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 122, in wike lyn op 127.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen opnaam yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.051. Yn trochsneed komme der de ôfrûne wike yn hiel Nederlân alle dagen 2.077 besmettingen by.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.