Omrop TIP: De frou op it skûtsje by FryslânDOK

18 sep 2021 - 10:00

Eartiids, doe't it skûtsje noch in frachtskip wie, stiene man en frou beide om bar oan it roer. Wêrom ken de tradisjonele feriening SKS dan noch hieltyd gjin froulike skippers by it skûtsjesilen, freget FryslânDOK him ôf. Te sjen op 18 septimber by NPO2 en op 19 septimber by Omrop Fryslân.

Yn de ferhalen oer skûtsjes en skûtsjesile hat de rol fan de frou altyd ûnderbeljochte west. Dokumintêremakker Karen Bies hellet yn de FryslânDOK Mei it helmhout tusken ús yn no ris de frou nei de foargrûn helje.

101 jier

It ferhaal begjint mei har beppe, de 101-jierrige Henderika Bies-van Dijk. De Grinslanner Henderika troude yn 1939 mei de Fryske Johannes Bies. Tegearre wiene se skûtsjeskipper. Sy ferfierden terpgrûn, turf, sân of sûkerbiten, wat der mar oan fracht wie.

Henderika Bies-van Dijk (101 jier) - Foto: Omrop Fryslân

Der wiene yn de earste helte fan de 20e iuw yn Noard-Nederlân noch hûnderten skûtsjeskippers. Man en frou diene it wurk oan board tegearre. It laden en lossen, it silen ûnderweis, it stjoeren fan it skip. Somtiden moasten sy it skip lûke. Ek dat diene man en frou om bar, ek de bern holpen mei.

Bern lûke it skûtsje mei fracht - Foto: Fries Film Archief

Yn de dokumintêre wurde bylden toand út âlde films oer it libben op in skûtsje. Yn de film Oud en Arm út begjin 20e iuw kinst sjen hoe't in laden skûtsje fuortlutsen wurdt, as der gjin mooglikheid wie om te silen.

Yn in oare film út 1946 binne skippers Ulbe en Akke Zwaga ûnderweis fan Hylpen nei Grou om in wedstriid te silen. Yn dizze film sjochst dat Akke ek faak oan it helmhout stie.

Akke en Ulbe Zwaga, yn in film fan de NTR út 1946 - Foto: Fries Film Archief

It wedstriidsilen mei it skûtsje, dat al sûnt de 19e iuw simmerdeis barde, wie in saak fan manlju. Sy koene der jildprizen mei winne. Dat kaam goed út yn dy stille tiid, as der net folle fracht wie.

Feest en treast

Húsried, frou en bern kamen op 'e wâl en de man sylde de wedstriid. De frou soarge foar iten en drinken, foar it feest nei winst en foar treast nei ferlies. Net alle skûtsjeskippers woene wedstriidsile, want averij koene se har net tastean. It skip wie ommers har breawinning.

Akke Zwaga op het helmhout (1946) - Foto: Fries Film Archief
(Advertinsje)
(Advertinsje)