Agricola tekenet mei oare boargemasters manifest foar oanpak kriminaliteit

18 sep 2021 - 09:38

De oerheid moat ûndermynjende kriminaliteit better oanpakke, dat fine 37 boargemasters dy't in manifest tekene hawwe om oan te trúnjen op feroaring. Under har is boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel.

Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân

Agricola is de iennige Fryske boargemaster dy't it manifest tekene hat. Hy fynt dat de bestriding fan kriminaliteit in prominint plak krije moat op de aginda fan in nij kabinet. "Dit is it momint om it te dwaan, it giet ek nei de ynformateur", seit Agricola.

"Wij, burgemeesters van gemeenten groot en klein, zien dagelijks de gevolgen van deze ondermijnende criminaliteit. Corruptie, bedreigingen, intimidatie, geweld en helaas steeds meer doden", sa skriuwe de boargemasters mei-inoar.

Kapasiteit plysje en rjochtspraak

It manifest bestiet út fjouwer punten. As earste wolle de boargemasters mear jild nei de plysje en de rjochterlike macht. Sy sjogge kapasiteitproblemen by de plysje, mar ek by de rjochtspraak bliuwe saken lang op de plank lizzen. Dêrom soe der yn de hiele strafrjochtketen ynvestearre wurde moatte.

As twadde wolle sy foarkomme dat jongelju de kriminaliteit yn rôlje. Nije kriminelen wurde faak al op middelbere skoallen wûn. Dêrom moat der mear jild nei jongereinwurk en dosinten dy't yngripe kinne. "Kriminelen fine hieltyd nije wegen. Soks moatte je by de boarne oanpakke", seit Agricola.

Treds wolle de boargemasters dat de mienskip mear mobilisearre wurdt om kriminaliteit te sinjalearjen en te melden, by bygelyks wykaginten of Meld Misdaad Anoniem.

Softdrugs legalisearje

Yn 't fjirde plak wolle sy softdrugs legalisearje om de hannel minder oantreklik te meitsjen foar de organisearre misdied. De oantreklikens fan de hannel ferdwynt as himp legaal wurdt, sa tinke de boargemasters. Sa kin it fertsjinmodel by kriminelen weihelle wurde.

"Hielendal frijlitte is in grut wurd", seit Agricola. "Mar de kapaseiteit is beheind en wy sjogge dat softdrugs faak de ynstap binne foar minsken nei swierdere kriminaliteit."

"Problemen plattelân faak op de eftergrûn"

Boargemaster Agricola fynt dat der belied oangeande softdrugs komme moat. Hy fertelt in soad fertriet te sjen troch drugsproblematyk. "Ek op it plattelân binne problemen. Je sjogge miskien wat, met lang net alles. Der bart in soad op de eftergrûn. Dêrom moat der mear ynvestearre wurde, om te sjen wat der echt bart."

Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel

Konkreet hat Agricola benammen mei wenningslutingen troch drugsfynsten te krijen. "En mear minsken binne ferslave oan harddrugs. Dêr meitsje ik my soargen om. Mei Noardeast-Fryslân hawwe wy ek it inisjatyf naam om der aktyf op te hanneljen."

It noarden hat ek te lijen fan it saneamde 'waterbedeffect'. Dat hâldt yn dat as bygelyks yn it suden drugslaboratoaria oanpakt wurde, dizze kriminaliteit him ferpleatst nei it noarden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)