Tjeerd de Groot (D66) oer stikstof: "Soms moet je impopulaire maatregelen nemen"

18 sep 2021 - 09:40

Alle opsjes moatte op tafel bliuwe as it giet om de oanpak fan de stikstofproblematyk. Dus ek it ynnimmen fan fergunningen fan boeren dy't by in Natura 2000-gebiet buorkje. Dat seit Keamerlid Tjeerd de Groot fan D66 yn It Polytburo. "Soms moet je impopulaire maatregelen nemen."

"We hebben al veel te lang gewacht":

Salang't de polityk gjin effektive oplossing fynt foar it stikstofprobleem, binne de gefolgen fielber. "We hebben al veel te lang gewacht", seit De Groot. "En hoe langer je wacht, hoe minder je kunt. Geen woningen meer bouwen, geen wegen aanleggen, de bedrijvigheid ligt stil."

Om dat wer op gong te krijen, moat der wat gebeure. En dan moatte alle mooglike maatregels op tafel lizze, as it oan De Groot leit. Dus ek it advys fan de lânsadvokaat om yn guon gefallen fergunningen fan boeren yn te lûken. "Voor D66 staat vast: we moeten samen met boeren kijken naar wat wel en wat niet kan."

Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Tjeerd de Groot.

Hoe't de stikstofkrisis op it stuit oanpakt wurdt, is net genôch foar D66. De Groot helle twa jier lyn de lilkens fan in groep boeren op 'e hals, doe't er sei dat de feestapel troch de helte moast.

En syn partij fynt noch hieltyd dat der op it stuit net genôch dien wurdt. "Wat er nu ligt is niet voldoende om de natuur te herstellen, maar ook niet voldoende om boeren echt een toekomst te kunnen geven, dat ze met minder dieren meer kunnen verdienen."

We moeten geen verbrabandisering van het mooie Friese landschap hebben.

Tjeerd de Groot oer grutte bargehâlderijen yn Fryslân

De Groot is koartlyn ferhuze nei Fryslân ta, hy wennet no yn Wâldsein. Yn syn gemeente spilet in diskusje oer in bargehâlderij yn Himmelum. In boer wol dêr útwreidzje nei njoggentûzen bargen. "Daarvan zegt D66 in Súdwest-Fryslân ook: dat moeten we niet doen. We moeten geen verbrabandisering van het mooie Friese landschap hebben."

It advys fan de lânsadvokaat soarge dizze wike foar in soad ûnrêst yn de boerewrâld. En der wie mear ûnrêst yn Fryslân de ôfrûne wiken: de fergunning dy't demisjonêr minister Blok jaan wol oan de NAM om gas te winnen by Ternaard.

De fraach is oft de Keamer dêr noch wat oan dwaan kin. "Mijn tante Klaasje uit Heerenveen zei dat ik maar wat tegengas moest geven. Want zoals D66 het ziet, mag de gaswinning onder de Waddenzee gewoon niet van de Mijnbouwwet. Je mag niet boren in natuurgebieden, in de kustzone en in de Waddenzee."

Blok moat ophâlde mei 'slimmichheden', fynt De Groot:

Neffens Blok is der wol in ferskil mei de plannen fan de NAM, want dy wolle út Ternaard wei boarje, dus fan de wâl ôf. En dan kin Blok de fergunning net wegerje, sei er moandei yn Ternaard en woansdei yn de Twadde Keamer. De Groot: "Maar met dat soort slimmigheden, dat was ook bij stikstof het geval, zegt de rechter uiteindelijk: beste overheid, ga je gewoon aan de wet houden."

In grut part fan de Keamer wol om ekstern juridysk advys freegje hoe't it no sit. Kin de minister op basis fan de wet echt de fergunning net wegerje, is de fraach dy't dêrby sintraal stiet. "Wat mij betreft is de wet hartstikke duidelijk", seit De Groot. "De Waddenzee wordt expliciet genoemd. En als je dan er net naast gaat boren, doet er niet toe. De gevolgen zijn voor de natuur in de Waddenzee."

Kaag koe net oars

D66 hie dizze wike ek oare problemen oan 'e holle: ynterne problemen. Minister Sigrid Kaag fan it dochs al demisjonêre kabinet stapt op nei in moasje fan ôfkarren troch de Twadde Keamer. Kaag wie as minister fan Bûtenlânske Saken haadferantwurdlike by de gaoatyske evakuaasje-operaasje yn Afganistan.

"Het was voor Sigrid zeker een moeilijke beslissing", seit De Groot. Mar se koe hast net oars: "Dat is de consequentie van de nieuwe politiek waar ze zelf voor staat."

Remkes oan set

Kaag bliuwt wol polityk lieder fan D66 en bliuwt ek belutsen by de formaasje fan in nij kabinet. "De hele fractie, de hele partij staat achter haar. Ze is onze onbetwiste leider."

De ferkiezingen binne yntusken langer as in healjier lyn en in nij kabinet is noch net yn sicht. Alderhande opsjes foar mearderheidskabinetten binne bepraat, mar sûnder resultaat. De nije ynformateur, Johan Remkes, praat dit wykein op in bûten mei de VVD, it CDA en D66. "We zijn benieuwd naar zijn plannen", seit De Groot.

Nei dit wykein is der noch gjin akkoart, foarseit De Groot:

D66 wol in stabile, mar ek in sa progressyf mooglike koälysje. Dan lizze it CDA en de VVD net fuortendaliks foar de hân. "Maar problemen als het klimaat, onderwijs en de natuur vragen wel om die progressiviteit. Wij willen echt iets veranderen."

As se der dit wykein net útkomme, dan wit De Groot ek net hoe't it komt. "Daar ga ik ook niet over speculeren. Het is een soort volkssport geworden om allerlei opties te noemen. Maar wij weten wat onze inzet is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)