Underfining Bob de Jong moat Marwin Talsma nei de Olympyske Spelen helpe

18 sep 2021 - 07:45

De tarieding op it olympyske seizoen hat foar Marwin Talsma wol in pear tûkelteammen hân. Mar goeie fytstesten én stipe fan sânfâldich wrâldkampioen en olympysk kampioen Bob de Jong biede de reedrider fan Team Frysk perspektyf.

Bob de Jong fertelt hoe't er assistint-trainer wurden is:

Sûnt ôfrûne simmer is De Jong aktyf as coach by Team Frysk. Hy wennet yn Ljouwert nei trainingsaventoeren yn Azië en op it iis fan de Alvestêdehal yn Ljouwert kaam de âld-reedrider Siep Hoekstra tsjin, de coach fan Team Frysk.

It baltsje rôljen

Fan it ien kaam it oar, sa fertelt De Jong. "Ik ging na het NK naar Siep om hem te feliciteren met de resultaten. Daar was Siep verbaasd over en zo ging het balletje rollen. Hij had graag mijn kennis aan boord. Volgens mij kan hij mij nog wat brengen en kan ik hem wel aanvullen", seit de olympysk kampioen fan 2006 op de tsien kilometer.

Hy hat safolle jier ûnderfining, dêr kin er hiel folle fan oerdrage oan ús.

Marwin Talsma is bliid mei de help fan Bob de Jong

Neffens Hoekstra is De Jong gjin assistint fan him. "Sa sjoch ik it net hear. We besykje mei-inoar dy karre te lûken." Doe't de coach fan Team Frysk de kâns krige om De Jong ta te heakjen oan de technyske stêf, twivele er gjin momint. "Hy is olympysk kampioen. Alle kennis en kunde dy't we binnenhelje kinne, is moai meinaam."

Tafoege wearde

Ek foar rider Marwin Talsma is it in boppeslach. De Grouster is in man fan de lange ôfstannen en dat wie ek de spesjaliteit fan De Jong. "Hy hat safolle jier ûnderfining, dêr kin er hiel folle fan oerdrage oan ús. Ik ryd op gefoel en ik kin my hiel goed yn syn ideeën ferpleatse. Dat is echt in tafoege wearde."

Bob de Jong twa jier lyn yn aksje as coach fan Sina - Foto: Orange Pictures

De Jong wie foar it útbrekken fan de coronapandemy aktyf as coach yn Sina en Koreä. Dêrnei joech er noch training op de reedrydskoalle yn Ljouwert. Mar it wurkjen mei professjonals miste er. "Om echt die topwedstrijden te winnen in een vol Thialf en langs de baan rijders te begeleiden, dat is iets wat aan je blijft knabbelen om te kunnen doen."

Suksesmominten

Benammen de suksesfolle mominten binne him goed bybleaun. "Dat je die rijder om de nek kunt vliegen die die prestatie heeft geleverd, die momenten heb ik in Korea en China meegemaakt. Dat rijders me fijn knepen van geluk. Dat doet zoveel met je. Ik ben overtuigd dat ik een extra waarde kan zijn voor het team."

Coach Siep Hoekstra woe Bob de Jong der mar al te graach by hawwe:

By de teampresintaasje fan Team Frysk sprekt net allinne Talsma syn olympyske ambysjes út. Ek de Ingelske Harnzer Ellia Smeding hopet yn febrewaris yn Peking aktyf te wêzen. Nij-Seelanner Peter Michael is in oare kânshawwer foar de Spelen út Team Frysk.

Neffens Hoekstra is syn ploech dizze simmer sterker wurden, nettsjinsteande it fuortgean fan Reina Anema nei Jumbo-Visma. "Ferline jier hawwe we hiel goed prestearre. Dizze simmer hawwe wy ek wer aksentpunten ferlein en we bin wer sterker wurden", seit Hoekstra, dy't ek trainer west hat yn ûnder oaren atletyk en fuotbal.

Marwin Talsma oer syn simmer

Talsma hopet syn ûntwikkeling fan it foarige jier troch te lûken. Doe waard er ûnder oaren Nederlânsk kampioen op de tsien kilometer en pakte er brûns op it NK allround.

In ideale tarieding op dit olympyske seizoen belibbe Talsma allinne net. "It hie wat heakken en eagen, mar it gie oer it algemien wol aardich." Noch foar de simmer kaam de Grouster allinne in skoft thús te sitten om't er syn inkelbân ôfskuorde. "Us seizoen begûn frij betiid en yn dy perioade barde it. It hat altyd gefolgen, mar it is wol aardich opknapt."

Foto: Orange Pictures

Dat hy no wer op in behoarlik nivo sit, sjocht Talsma ûnder oaren werom yn goeie fytstesten. Oer oardel moanne moat de 23-jierrige lange-ôfstânsrider der stean op it NK ôfstannen, sa fertelt syn coach. "Hy hoecht fan my gjin Nederlânsk kampioen te wurden. Hy moat him pleatse om wrâldbekers te riden. Dat is er ek oan syn stân ferplichte, sa simpel is it. Want hy is Nederlânsk kampioen op de tsien kilometer."

Startbewizen helje

Dy startbewizen foar de wrâldbekers wurde op it NK ôfstannen ferdield. Dêrnei fynt tusken de krystdagen en Ald en Nij it OKT plak. Dêr hopet Talsma in nije stap te setten nei syn olympyske dream. "Dy dream ha ik op de fiif en de tsien kilometer. Wy moatte ús earst mar efkes pleatse."

Hoe sjocht de planning fan Talsma der út? "Mei in pear wiken geane we nei Inzell. Dêr fine de earste wedstriden plak en fan dêrút wurkje we ta nei it NK."

(Advertinsje)
(Advertinsje)