Knibbel sit Hinke Schokker dwers: gjin rekôrs, mar aksje foar KiKa set troch

18 sep 2021 - 07:47

It is hurdrinster Hinke Schokker net slagge om nei twa wrâldrekôrs te draven. Sy besocht foar de KiKa-aksje #teamBerend de 100 kilometer yn de koartste tiid en de langste ôfstân yn 24 oeren te pakken, mar krige freedtejûn lêst fan de knibbel.

Hinke Schokker freedtemiddei op de rinbân - Foto: Omrop Fryslân

Earder freed ferklearre Schokker al dat sy net yn topfoarm wie en te lijen hie fan blessueren. Foar 20.00 oere naam Schokker noch in lyts skoft, mar dêrnei rekke de foarm yn de nederklits.

Behanneling nedich

"Op in gegeven stuit wie der in blessuerebehanneling nedich fan ús fysioterapeut", fertelt Jan Willem Sietsma fan #teamBerend. "Mar dat duorre langer as de fjouwer minuten yn de oere dy't mochten. Want oan it besykjen foar in rekôr binne regels ferbûn. Doe wie al dúdlik dat de 100 kilometer him net mear wurde soe."

"No is it net mear ferantwurde"

De 24 oeren drave wie doe noch wol yn byld. "Hinke gie noch in oere troch op de rinbân, mar de blessuere bleau. Op in gegeven momint hawwe wy as organisaasje besletten: no is it net mear sûn en ferantwurde, wy hâlde der mei op." 'WRpoging gestaakt', sa melde de livestream.

Jan Willem Sietsma fan #teamBerend

Schokker sels hie noch wol troch wollen. Mar dat koe net, seit Sietsma. "Hinke hat in enoarme mentale fearkrêft en kin bot trochsette. Mar it rinnen is in middel om omtinken te freegjen foar KiKa. Dat giet ek om sûnens. Dan mei it net sa wêze dat Hinke in blessuere oprint dêr't sy noch lang lêst fan hat."

Hinke sei letterlik: ik moat my miskien ferûntskuldigje. Dat hoecht fansels hielendal net, want dit betinke je yn 't foar net.

Jan Willem Sietsma fan #teamBerend

De teloarstelling wie grut by Schokker. "Sy wie aardich fan streek, om't sy echt wol yn de holle hie om op syn minst ien rekôr nei Eastermar te bringen. As dat net slagget, is dat in teloarstelling. Net allinne foar harsels, mar ek foar eltsenien deromhinne. Hinke sei letterlik: ik moat my miskien ferûntskuldigje. Dat hoecht fansels hielendal net, want dit betinke je yn 't foar net."

#teamBerend set troch

De aksje foar #teamBerend giet noch wol troch, om jild op te heljen foar KiKa. De ploech efter it inisjatyf draaft troch en dêrnjonken besiket Albert Kieft 24 oeren lang te fytsen.

"Je besykje de ljochtpuntsjes op te pakken", sa seit Sietsma. "Flak foar de start kaam doarpsgenoat Albert Kieft dy't sei: ik set myn fyts op it poadium en wol 24 oeren fytse om Hinke te stypjen. Doe't sy útfoel hawwe wy Albert syn fyts op it plak fan de rinbân set. Yntusken hat Albert hast 400 kilometer fytst. Minsken kinne him folgje fia de livestream."

De aksje foar #teamBerend giet fierder - Foto: teamberend.nl

Op sneontemoarn stiet de teller fan de langer rinnende aksje #teamBerend al op mear as 45.300 euro. "Der binne in soad KiKa-bearen ferkocht en Emiel fan De Hûnekop hat del west om op de foto te gean", fertelt Sietsma, dy't sels ek oan it draven west hat.

De minsken efter #teamBerend sette har mei it hurddraven yn om jild byinoar te heljen foar ûndersyk nei bernekanker. It team is yn augustus 2020 oprjochte troch Jan Willem Sietsma, foar syn 4-jierrige neefke Berend. Berend wie it soantsje fan sjoernaliste en âld-Omrop Fryslân-kollumniste Nynke Sietsma. Hy krige kanker en ferstoar op 28 oktober.

(Advertinsje)
(Advertinsje)