108 nije coronabesmettingen, ien sikehûsopname

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 108 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne tritich minder as tongersdei, doe waarden 138 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike alle dagen 122 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 125, in wike lyn op 140.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is wol ien Fries opnaam yn it sikehûs, dat giet om in ynwenner fan Noardeast-Fryslân.

Njoggen coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen

Neffens it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland lizze der op dit stuit njoggen pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. Fan har lizze fjouwer op de intensive care en fiif op oare ôfdielingen.
Yn de trije noardlike provinsjes giet it yn totaal om achttjin pasjinten op de intensive care en santjin pasjinten op oare ôfdielingen.
Tal pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.172. Yn trochsneed komme der de ôfrûne wike yn hiel Nederlân alle dagen 2.107 besmettingen by.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.