Omrop TIP: folgje sneon it 50e NK fierljeppen: "De Friezen wolle revâns"

It Nederlânsk kampioenskip fierljeppen yn Burgum is in bysûndere edysje. It is sûnt 1972 de fyftichste kear dat it NK hâlden wurdt. Dit nasjonale kampioenskip is gewoanwei om it jier yn Hollân en dan wer yn Fryslân, mar fanwegen corona stiet it NK foar de twadde kear op 'e rige yn Burgum pland.
It NK Fierljeppen yn Burgum yn 2020 © Omrop Fryslân
Burgum is der klear foar, fertelt foarsitter Hans Helmholt fan Ljeppersklup Burgum sneontemoarn. Ek it waar sit mei: "Harde wind is funest voor fierljeppers. Er staat nu een oostenwindje in kracht twee, dus dat is perfect."

Revâns

Helmholt ferwachtet spanning. "De Nationale Fierljep Manifestatie was geweldig spannend, daar hebben de Friezen zich van hun beste kant laten zien. Maar met de tweekamp kregen we een flinke tik om de oren. Ik denk dat de Friezen erop gebrand zijn om revanche te plegen."
Foarsitter Hans Helmholt fan Ljeppersklup Burgum
Dochs is de konkurrinsje grut, jout Helmholt ta. "In Holland zijn er vijf senioren die dit jaar 21 meter hebben gesproken, dus de concurrentie is flink. Maar als een Nard Brandsma laat zien wat hij op het Fries kampioenschap heeft laten zien, dan is hij ook zeker een kandidaat. En de Galama's kunnen ook zomaar voor uitschieters zorgen. Bij de dames en meisjes zijn de Friezen favoriet, maar jongens en junioren zal een uitdaging worden."
Omrop Fryslân stjoert it NK live út op telefyzje, radio en ynternet fan 13.30 oere ôf. Presintaasje is fan Gerrit de Boer en it kommentaar komt fan Freark Wijma en analist Hendrik Murk Haanstra.
Verslaggevers Arjen Bosselaar en Gerrit de Boer kijken vooruit
Foar Ysbrand Galama wie it NK 2020 in hiel bysûndere. Hiel efkes wie hy Nederlânsk kampioen mei syn finalesprong fan 21,09 meter. Mar fiif minuten letter ljepte Rian Baas út Utrecht krekt fierder: 21,10 meter. En dus waard Ysbrand twadde op minder as ien sintimeter.

Outsider Galama

De Warkumer belibbe ferline jier in topseizoen. Hy ferbettere syn persoanlik rekôr nei 21,53 meter en waard boppedat klassemintswinner mei in Frysk rekôr. Mar de Nederlânske titel gie dus krekt oan syn noas foarby.
Sneon krijt hy de kâns op revâns. Mar dêr't Galama ferline jier favoryt wie, is hy dizze kear miskien wol de grutte 'outsider.'
Ysbrand Galama oer NK fierljeppen:

Jubileumedysje

Fyftich jier lyn waard it earste NK ljept yn Jaarsveld. Yn 1972 waard Roel Bokke Span de earste winner mei 15,44 meter. Aart de With waard doedestiids kampioen by de jonges. Sneon is De With wer aktyf op it NK, no as arbiter. Hy is rekôrhâlder as it giet om nasjonale titels.
As senior waard hy leafst trettjin kear kampioen. Ek pakte hy by de jonges en de junioaren noch trije titels. De With is no noch altyd wrâldrekôrhâlder mei in aluminium polsstok. Dat rekôr stiet al goed tweintich jier op 19,42 meter.

Skânsrekôrs Burgum

Skânsrekôr Namme Ofstân Jier
Mannen Jaco de Groot 21,94 m 2019
Froulju Marrit van der Wal 18,19 m 2019 NR/FR
Junioaren Reinier Overbeek 21,38 m 2019 NR
Junioaren Freark Kramer 20,44 m 2018 FR
Jonges Wisse Broekstra 20,72 m 2020 NR/FR
Famkes Sigrid Bokma 16,10 m 2016